Noard-Nederlân is in Nederlânske regio (ek wol lânsdiel neamd) dy't de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte omfiemet. Dit gebiet foarmet in statistyske NUTS 1-regio, en sûnt 1992 wurkje de trije provinsjes gear yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (GNN).

It GNN It doel fan it GNN is om 'e ekonomyske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn 2013 waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota Noordervisie2040. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn De Haach en de Jeropeeske Uny yn Brussel. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden Grins, Ljouwert, Assen en Emmen.

As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde Gebiedsagenda Noord-Nederland, dy't datearret út 2009. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn 2014 noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt 2010 in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.

Grutste gemeenten Gemeente Ynwenners() Provinsje Grins Ljouwert Emmen Súdwest-Fryslân Assen Westerkertier Midden-Grinslân Smellingerlân Hoogeveen De Fryske Marren It Hearrenfean It Hegelân De Waadhoeke Iemsdelta Noardeast-Fryslân Aldamt Coevorden Meppel Tynaarlo Midden-Drinte

Boarne:CBS Statlline

Grutste plakken De 10 grutste plakken yn Noard-Nederlân binne:

Plaatsnaam 2018 2019 2020 2021 2022Provincie1Grins 190.560 191.342 203.105 202.900203.9552Ljouwert 92.235 92.000 93.395 93.68094.6503Assen66.525 67.963 67.760 68.00568.250 4Emmen56.490 56.545 56.560 56.640 57.3955Drachten45.080 45.170 45.534 45.34545.2126Hoogeveen40.260 39.445 40.130 39.93240.1747Snits33.960 33.379 33.781 33.85534.1578It Hearrenfean29.115 29.984 30.368 30.65531.0999Meppel29.335 29.328 29.758 30.06330.44410Hegesân21.805 21.850 21.915 21.87021.965 Boarne: CBS Statline

Keppeling om utens Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân

Kategory:Diel fan Nederlân Kategory:Fryslân Kategory:Grinslân Kategory:Drinte Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1992