Terneuzen is in stêd en gemeente yn Seelân. De stêd leit dêr't it Kanaal fan Gint nei Terneuzen op 'e Westerskelde útkomt en foarmet dêrmei foar in part de seehaven fan Gint. Terneuzen hat dêrtroch de op trije nei grutste haven fan Nederlân. As grutste plak yn Siuwsk-Flaanderen hat de stêd foar dat gebiet in sintrumfunksje. De gemeente Terneuzen ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm by in gemeentlike weryndieling yn 2003. Sûnt beslacht de gemeente it hiele middelpart fan Siuwsk-Flaanderen.

It plak krige stedsrjochten yn 1584. Foar 1877 waard stêd faak 'Neuzen' neamd.

Stêden en doarpen Ynwennertal op 1 jannewaris 2015- Ynwennertal sakket:

Terneuzen25.137Axel7865Sas fan Gint3953Hoek2951Zaamslag2825Koewacht2542Sluiskil2370   Philippine2050Westdorpe1964Biervliet1571Zuiddorpe933Overslag243Spui187 

Ferneamde ynwenners Sandra E. Roelofs, de eardere first lady fan Georgje. Lodewijk van den Berg, astronaut berne yn Sluiskil, Terneuzen. Klaas de Vries, komponist en ien fan de oprjochters fan de muzykstyl de Rotterdamske Skoalle. Jacques Hamelink, romanskriuwer, dichter en literêr kritikus. Erik de Bruyn, filmregisseur Eric van Damme, ekonoom Avy van de Brande, ynternasjonaal bekend model

Ofbylden

Kategory:Plak yn Terneuzen Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2003