Foarfallen 25 febrewaris - Lêste gearkomste fan de Ryksdei fan it Hillige Roomske Ryk yn Regensburg. Yn de Reichsdeputationshauptschluss wurdt it oantal soevereine steaten yn it Dútske Ryk werombrocht fan 1800 ta likernôch 60. 2 maaie - Mei de Louisiana-oankeap skaffe de Feriene Steaten de mânske koloanje Louisiana fan Frankryk oan foar 60 miljoen Frânske franken. sûnder datum - De Britten stiftsje in strafkoloanje op Tasmaanje.

Berne 14 april - Friedrich von Amerling, Eastenryksk keunstskilder († 1887) 23 april - Jules Joseph d'Anethan, premier fan Belgje († 1888) 24 maaie - prins Karel Lusiaan Bonaparte, Italjaansk-Frânsk biolooch († 1857) 30 juny - Thomas Lovell Beddoes, Ingelsk dichter en toanielskriuwer († 1849) 4 septimber - Pieter Jans Radersma, Frysk oargelbouwer († 1851) 12 septimber - Auguste Brizeux, Bretonsk dichter († 1858) 28 septimber - Prosper Mérimée, Frânsk skriuwer († 1870) 11 oktober - Barend Cornelis Koekkoek, Nederlânsk keunstskilder († 1862) 15 oktober - Jantje Wilms Brinkmann, âldste Eastfriezinne († 1908) 4 desimber - Knut Jungbohn Clement, Noardfrysk-Amerikaansk taalkundige († 1873) 11 desimber - Hector Berlioz, Frânsk komponist († 1869) datum ûnbekend Swarte Tsjettel (Black Kettle), opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen († 1868)

Ferstoarn 17 febrewaris - Loadewyk René Eduard de Rohan, kardinaal-aartsbiskop fan Straasburch (* 1734) 24 septimber - Adam Sijbel, Nederlânsk tegelskilder (* 1746) 13 oktober - Louis-Claude de Saint-Martin, Frânsk skriuwer en filosoof (* 1743) 22 novimber - Bernardus Bosch, Nederlânsk skriuwer en politikus (* 1746)

Kategory:19e iuw