De stikelychels (Latynske namme: Erinaceinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e ynsekte-iters (Eulipotyphla) en de famylje fan 'e stikelbargen (Erinaceidae), dêr't û.o. de gewoane stikelbaarch ta heart. Dizze ûnderfamylje, dy't út 16 ferskillende soarten bestiet, ûnderskiedt him fan 'e oare libbene ûnderfamylje fan 'e stikelbargen, dy fan 'e hierychels (Galericinae) troch it hawwen fan echte stikels.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje stikelychels (Erinaceinae): skaai Afrikaanske stikelbargen (Atelerix): 4 soarten skaai Afro-Aziatyske stikelbargen (Paraechinus): 4 soarten skaai Amphechinus † skaai Jeraziatyske stikelbargen (Erinaceus): 4 soarten skaai langearstikelbargen (Hemiechinus): 2 soarten skaai Sineeske stikelbargen (Mesechinus): 2 soarten

Kategory:Stikelbaarch