thumb|right|Anna fan Saksen
Anna fan Saksen (23 desimber 1544, Dresden - 18 desimber 1577, Dresden) wie in dochter fan Maurits fan Saksen en Agnes fan Hessen, en de twadde frou fan Willem fan Oranje. Hja trouden yn Leipzig op 24 augustus 1561.
It houlik tusken Anna fan Saksen en Willem fan Oranje wie min en op 14 desimber 1571 waard Anna twongen yn te stimmen mei in skieding. Anna waard ferfolgens kranksinnig ferklearre en har bern waarden fan har ôfnommen. De tiid fan libben dy't oerbleau brocht hja troch yn in tichtmitsele keamer yn it paleis fan de Saksyske keurfoarst yn Dresden. Troch útputting stoar sy dêr yn 1577. Hja waard yn Meißen beïerdige.
Kategory:Dútske adel Kategory:Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Hûs Wettin Kategory:Hûs Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1544 Kategory:Persoan stoarn yn 1577