East-Afrika is de loskes definiëarre eastlike geografyske regio fan it wrâlddiel Afrika. Hoewol't der oare omskriuwings mooglik binne, wurdt dit gebiet ornaris begrepen as Kenia, Tanzania en Uganda, mooglik oanfolle mei Rwanda en Boerûndy. Yn bredere sin soe men hiel eastlik Afrika, fan Sûdaan oant Mozambyk, ta East-Afrika rekkenje kinne, ynkl. de Afrikaanske eilânsteaten yn 'e Yndyske Oseaan. East-Afrika yn 'e ingste sin, dus besteane út Kenia, Uganda en Tanzania, hat in mienskiplik ferline en foar in part ek in mienskiplike kultuer, mei as mienskiplike taal it Swahily.
Lannen dy't ornaris ta Sintraal-Afrika rekkene wurde: 20px Kenia 20px Tanzania 20px Uganda mooglik oanfolle mei: 20px Boerûndy 20px Rûanda
Yn bredere sin wurde ek ta East-Afrika rekkene: it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan (Britsk) 20px Dzjibûty 20px Eritreä 20px Etioopje 20px de Komoaren 20px Madagaskar Majot (Frânsk) 20px Mauritsius 20px Mozambyk Réunion (Frânsk) 20px de Seysjellen 20px Somaalje 20px Súd-Sûdaan 20px Sûdaan
Kategory:Diel fan Afrika