Súdlik Afrika is de loskes definiëarre súdlike geografyske regio fan it wrâlddiel Afrika. Dizze regio bestiet út de folgjende 11 lannen: 20px Angoala 20px Botswana 20px Lesoto 20px Madagaskar 20px Malawy 20px Mozambyk 20px Namybje 20px Sambia 20px Simbabwe 20px Súd-Afrika 20px Swazilân Oars as de measte oare dielgebieten fan Afrika bestiet Súdlik Afrika út frijwat ferskate lannen, dy't net ferbûn wurde troch in mienskiplike skiednis of kultuer. Lykwols hawwe se, fral sûnt de fal fan it apartheidsrezjym yn Súd-Afrika, om 1990 hinne, wol sterke ekonomyske bannen ûntwikkele. Om dat te fasilitearjen is yn 1992 de Untwikkelingsmienskip fan Súdlik Afrika (SADC) oprjochte.

Kategory:Diel fan Afrika