De Yndosineeske dwerchmûs (wittenskiplike namme: Micromys erythrotis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e dwerchmûzen (Micromys), dat foarkomt yn Fjetnam, súdlik Sina en oangrinzgjende dielen fan Súdeast-Aazje. Dizze soarte waard yn 1856 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Edward Blyth, mar der is hast noch neat oer dit bistke bekend. Foarhinne waard de Yndosineeske dwerchmûs beskôge as in foarm fan 'e nôtmûs (Micromys minutus).

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Dwerchmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Sina