De Sichuanboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus latronum) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan de boskmûzen (Apodemus). Dizze soarte komt foar yn súdlik en sintraal Sina (de provinsjes Sichuan, Qinghai en Yunnan), eastlik Tibet, noardeastlik Yndia en noardlik Birma.
Besibskip De Sichuanboskmûs is it naust besibbe oan 'e Súdsineeske boskmûs (Apodemus draco) en de Taiwaneeske boskmûs (Apodemus semotus). Inkeld wurdt er sels as in ûndersoarte fan 'e Súdsineeske boskmûs beskôge. Fan 'e Sichuanboskmûs binne yn 'e Sineeske provinsjes Sichuan, Guizhou en Shandong fossilen fûn dy't tebek geane oant it Iere Pleistoseen.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Boskmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Sina