De hartkleurige mûs (wittenskiplike namme: Mus cervicolor) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat foarkomt yn noardlik Yndia, Nepal en noardeastlik Bangladesj en yn 'e sompen fan 'e Sundarbans op 'e grins fan 'e Yndiaaske dielsteat West-Bingalen en Bangladesj. Teffens binne der isolearre populaasjes yn noardwestlik Pakistan, it troch Yndia besette Kasjmier en de Sineeske provinsje Yunnan. Der besteane ek populaasjes op 'e Yndonezyske eilannen Java en Sumatra, mar dy binne dêr nei alle gedachten troch de minske yntrodusearre.
Besibskip mei oare soarten Ut Tailân binne fossilen fan dizze soarte bekend fanôf it Midden-Pleistoseen. De hartkleurige mûs liket tige op 'e Rjûkjûaanske mûs (Mus caroli) en de skiesturtmûs (Mus fragilicauda), en is wierskynlik it naust besibbe oan 'e cookmûs (Mus cookii) en de Rjûkjûaanske mûs, mar folle minder nau oan 'e skiesturtmûs. Yn sintraal Birma komt in soarte foar, de Birmeeske mûs (mus nitidulus), dy't lang as synomym mei de hartkleurige mûs beskôge is; nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat der alhiel gjin nauwe besibskip tusken dy beide soarten bestiet.
Uterlike skaaimerken De hartkleurige mûs hat nei foarren ta útstekkende kjiftosken, in brunige pels dy't oan 'e ûnderkant witich útskaait, en wite poatsjes. De sturt, dy't koarter as it lichem is, is ek twakleurich. De kop-romplingte bedraacht 8-9 sm, de sturtlingte 6-7 sm en it gewicht 14-20 g. De wyfkes hawwe tsien oeren.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte mûs Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Eksoat yn Yndoneezje