Ursula K. Le Guin (folút: Ursula Kroeber Le Guin, útspr. ['œɹsələ 'kɹoʊbəɹ lə ɡwɪn], likernôch: "eur-sul-luh kroo-bur luh gwin"; Berkeley (Kalifornje), 21 oktober 1929 – Portland (Oregon), 22 jannewaris 2018) wie in Amerikaansk skriuwster, dichteresse, essayiste en oersetster, dy't in grut oeuvre oan fantasy- en science fiction-literatuer, mar ek berneboeken, gedichten en essay's op har namme stean hie. Hja wie ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske auteurs fan har sjenre, en hie troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn, wêrûnder ferskate Hugo Awards, Nebula Awards en World Fantasy Awards en mar leafst 21 Locus Awards. Ek wûn se in National Book Award en waard se twaris nominearre foar in Pulitzer Prize. Le Guin har boeken binne oerset yn in grut tal ferskillende talen, wêrûnder it Nederlânsk.
Libben Jonkheid en komôf Ursula Le Guin waard yn 1929 berne as Ursula Kroeber, yn Berkeley, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan San Fransisko. Har heit wie de foaroansteande wittenskipper Alfred L. Kroeber, ien fan 'e grûnlizzers fan 'e antropology, dy't oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley perfester wie. Har mem wie Theodora Kracaw Kroeber, dy't sels ek namme makke as antropologe. Le Guin wie oan har heite kant fan etnysk Dútsk komôf. Hja groeide op yn in gesin mei twa âldere styfbruorren út har memme earste houlik, Clifton en Ted, en in folle broer, Karl, dy't letter in foaroansteand literatuerkritikus en heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde wurde soe. Alle fjouwer bern waarden al ier oanfitere om te lêzen, en dat makke by Le Guin in libbenslange ynteresse yn literatuer wekker, dy't har al op har njoggende oansette ta it skriuwen fan in eigen science fiction-ferhaal.
Oplieding en gesin Le Guin gie nei de middelbere skoalle yn Berkeley en behelle yn 1951 in bachelorstitel yn Frânske en Italjaanske Renêssânseliteratuer oan it Radcliffe Kolleezje te Cambridge, yn Massachusetts. Yn 1952 folle se dat oan mei in mastergraad yn Frânske en Italjaanske literatuer oan 'e Columbia Universiteit yn New York. Se wûn in beurs om yn 1953-1954 in jier yn Frankryk te studearjen. It wie har bedoeling om ûndersyk te dwaan foar in dissertaasje oer de dichter Jean Lemaire de Belges, mar nei't se ûnderweis nei Frankryk yn 'e kunde kommen wie mei de histoarikus Charles Le Guin, mei wa't se in relaasje krige, besleat se om har stúdzje ôf te brekken.
It pear troude letter dat jiers yn Parys, mar kearde yn 1954 werom nei de Feriene Steaten, dêr't Charles Le Guin yn 1954-1955 foar syn doktoraat studearre oan 'e Emory Universiteit yn Atlanta, en fanôf 1956 oan 'e Universiteit fan Idaho yn Moscow. Yn dy jierren wurke frou Le Guin as siktaresse en wie se dosinte Frânsk oan 'e universiteit. De earste beide bern fan 'e Le Guins, Elizabeth (1957) en Caroline (1959), waarden yn Moscow berne. Letter yn 1959 ferfear it gesin nei Portland, yn Oregon, dêr't se nea wer weigiene. Charles Le Guin fûn der wurk oan 'e Steatsuniversiteit Portland. Yn 1964 waard it gesin kompleet mei de berte fan in trêde bern, Theodore.
Skriuwkarriêre Tusken 1951 en 1961 skreau Le Guin fiif romans, dy't allegear troch útjouwers ôfwiisd waarden om't se harren ûntagonklik talieken. Se skreau ek gedichten, dy't úteinlings yn 1975 yn 'e bondel Wild Angels publisearre wurde soene. Har ierste skriuwwurk, dat se letter foar in part omwurke ta de Orsinian Tales en Malafrena, wiene mainstream-ferhalen oer betochte lannen yn ús wrâld, dêr't gjin fantasy oan te pas kaam. Mei't Le Guin socht nei in manear om útdrukking te jaan oan wat har yn 'e besnijing hold, kearde se úteinlik werom nei science fiction. Fanôf 1960 waarden har ferhalen geregeldwei publisearre yn ferskate tydskriften, lykas Asimov's Science Fiction en Fantastic. Tsjin 'e ein fan 'e jierren sechtich waarden einlings en te'n lêsten har earste boeken útjûn, en yn 1970 briek Le Guin troch mei The Left Hand of Darkness, dat yn itselde jier sawol de Hugo Award as de Nebula Award foar bêste roman wûn. Yn 1975 werhelle se dat keunstke nochris mei The Dispossessed.
Sawol The Left Hand of Darkness as The Disposessed hearre ta de saneamde Hainish Cycle, in rige fan yn prinsipe op harsels steande science fiction-romans en -ferhalen dy't spylje yn in takomst wêryn't ûntdutsen wurdt dat de Ierde (Terra) mar ien fan withoefolle planeten is dy't foarhinne diel útmakken fan in beskaving fan galaktyske skaal. Dy beskaving is lykwols yn it ûnleech rekke en de minsken op 'e ûnderskate planeten binne fergetten dat hja sibben yn oare planetestelsels hawwe. De boeken fan 'e Hainish Cycle draaie om it krewearjen fan 'e minsken om sa'n galaktyske beskaving wer op 'e nij op te bouwen en de swierrichheden dy't men dêrby ûnderfynt, benammen as bliken docht dat op guon planeten de befolking him oerjûn hat oan ûnbeheinde genetyske manipulaasje.
Le Guin har meast ferneamde wurk is lykwols de fantasyrige Earthsea, dy't spilet op in wrâld dy't foar it grutste part út oseaan bestiet, mei ien grutte groep eilannen. De searje set útein mei A Wizard of Earthsea (1968), wêryn't de jonge Ged folge wurdt wylst er him ûntjout ta in machtich tsjoender. Hiel yn 'e fierte hat (in diel) fan dat ferhaal wol wat fan 'e Harry Potter-boeken fan J.K. Rowling, dy't har mooglik troch A Wizard of Earthsea ynspirearje litten hat. It is in ferliking dy't wol faker makke wurdt, mar de Britske krante The Guardian skreau dêroer: "Rowling kin type, mar Le Guin kin skriuwe."
It wichtichste motyf yn 'e Earthsea-rige is lykwols de striid tusken goed en kwea, dy't ek yn 'e folgjende boeken wjerklank fynt. Le Guin ferwevet dy beide konsepten lykwols sa mei-inoar dat se net mear ûnttize wurde kinne. Doe't yn 2006 de Japanske tekenfilm Tales from Earthsea (ゲド戦記, Gedo Senki) fan regisseur Gorō Miyazaki útkaam, dy't basearre wie op 'e boeken The Farthest Shore en Tehanu, makke Le Guin har dan ek flink lulk oer de ferskowing fan 'e moraal fan it ferhaal en it folle gruttere omtinken dat jûn waard oan fysyk geweld. "It kwea is hjir noflik út 'e minsken weihelle en yn in smjunt pleatst," sa skreau se, "dy't maklikernôch om hals brocht wurde kin, sadat alle swierrichheden oplost wurde. Yn moderne literêre fantasy en politike fantasij is it fermoardzjen fan minsken de gewoanlike oplossing foar de sabeare oarloch tusken goed en kwea. Myn boeken binne net yn 'e foarm getten fan sa'n oarloch, en biede gjin simpele antwurden op simplistyske fragen."
Le Guin wurdt tsjintwurdich sjoen as ien fan 'e wichtichste Amerikaanske fantasy- en science fiction-auteurs. Hja wûn troch de jierren hinne tsientallen prizen, wêrûnder 6 prestizjeuze Hugo Awards (de wichtichste priis foar Ingelsktalige fantasy en science fiction), 6 Nebula Awards en 2 World Fantasy Awards. Ek hat se mar leafst 21 Locus Awards wûn, wat mear is as lykfol hokker oare skriuwer ek (mar minder as de redakteur fan tydskriften en ferhalebondels Gardner Dozois en de omslachkeunstner Michael Whelan). Fierders krige Le Guin yn 1973 de National Book Award foar The Farthest Shore, en waard se twaris nominearre foar in Pulitzer Prize foar koarte fiksje, ien kear yn 1992, foar de ferhalebondel Searoad, en ien kear yn 1997, foar de bondel Unlocking the Air and Other Stories. Teffens hat Le Guin earedoktoraten takend krigen fan teminsten njoggen universiteiten. Dêrnjonken hat se 11 nominaasjes foar in Mythopoeic Award yn 'e wacht sleept, mar dy priis nea wûn.
Op it mêd fan oeuvreprizen waard Le Guin yn 1979 de Gandalf Award foar "grutmasterskip yn fantasy" takend. Yn 1989 krige se de Pilgrim Award fan 'e Science Fiction Research Association foar har science fiction-oeuvre, en ien fan har beide World Fantasy Awards wie de oeuvrepriis foar "bûtengewoane ynset foar it sjenre fan 'e fantasy", dy't se yn 1995 wûn. Yn 2000 beneamde de Library of Congress Le Guin ta in Living Legend ("libbene leginde") yn de kategory "skriuwers en keunstners", foar har wichtige bydragen oan it Amerikaanske kultureel erfskip. Har oeuvre fan koarte fiksje waard yn 2002 bekroand mei in PEN/Malamud Award. Yn 2004 krige hja twa prizen takend troch de American Library Association foar har "duorjende bydragen" oan jongereinliteratuer (de Margaret A. Edwards Award) en oan berneliteratuer (de May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award). By dy gelegenheid sei de sjuery dat Le Guin "fjouwer generaasjes jongerein ynspirearre hat om prachtich opboude taal te lêzen, om fantasijwrâlden te besykjen dy't har dingen fertelle oer har eigen libben, en om oer ideeën nei te prakkesearjen dy't noch ûnbelangryk, noch ienfâldich binne." Yn 2009 krige Le Guin fierders fan 'e ateïstyske Freedom from Religion Foundation de Emperor Has No Clothes Award takend as erkenning foar har iepenheid oer de tekoartkommings fan it fenomeen godstsjinst.
Yn desimber 2009 sei Le Guin yn in berucht ynsidint har lidmaatskip fan it Amerikaanske Auteursgilde op út protest tsjin 'e stipe fan dy organisaasje foar it boekedigitalisearringsprojekt fan Google. "Jimme hawwe besletten om te hantsjebakken mei de duvel," skreau Le Guin yn in iepen brief oan it bestjoer. "It giet hjir om prinsipes, yn it foarste plak it hiele begryp auteursrjocht; en jimme hawwe besletten om dy oerboard te setten om it op in akkoartsje te goaien mei in grutte korporaasje, op hàrren betingsten, sûnder lykfol hokker foarm fan ferset."
Ferstjerren Nei in perioade fan stadich oanboazjende sûnensswierrichheden kaam Ursula K. Le Guin op 'e middei fan moandei 22 jannewaris 2018 dochs noch hommels te ferstjerren. Dat barde yn Portland (Oregon), dêr't se de lêste sechstich jier fan har libben trochbrocht hie, yn it hûs dêr't se 36 jier wenne hie. Le Guin waard 88 jier., Ursula K. Le Guin, famed science fiction and fantasy writer, dies at 88, op CNN.com
Wurk Earthsea-rige romans 1968 – A Wizard of Earthsea 20px Nederlânske oersetting: Machten van Aardzee (fert. Frits Oomes, 1974) 1971 – The Tombs of Atuan 20px Nederlânske oersetting: De Tomben van Atuan (fert. Frits Oomes, 1974) 1973 – The Farthest Shore 20px Nederlânske oersetting: Koning van Aardzee (fert. Frits Oomes, 1974) 1990 – Tehanu 20px Nederlânske oersetting: Tehanu (fert. Rifke Porcelijn, 1991) 1998 – Dragonfly (koart ferhaal út 'e bondels Legends en Tales from Earthsea dat in wichtige brêgefunksje ferfollet tusken de romans Tehanu en The Other Wind) 2001 – The Other Wind
koarte fiksje 1964 – The Word of Unbinding (yn it tydskrift Fantastic; yn 1975 werpublisearre yn 'e ferhalebondel The Wind's Twelve Quarters) 1975 – The Rule of Names (yn 'e ferhalebondel The Wind's Twelve Quarters) 1998 – Dragonfly (yn Legends, in bondel mei wurk fan ferskate auteurs, ûnder red. fan Robert Silverberg; yn 2001 werpublisearre as ûnderdiel fan Tales from Earthsea) 2001 – Tales from Earthsea (ferhalebondel) 20px Nederlânske oersetting: Ferhalen van Aardzee (fert. Annemarie van Ewijck, 2001) 2014 – The Daughter of Odren (novelle)
non-fiksje 1993 – Earthsea Revisioned (publisearre lêzing oer it ferbân tusken it iere en it lettere wurk út 'e Earthsee-rige, yn: Mike Cadden, Ursula K. Le Guin Beyond Genre: Fiction for Children and Adults, 2005)
Hainish Cycle romans en novelles 1966 – Rocannon's World 20px Nederlânske oersetting: Rocannon (fert. H. Swildens, 1974) 1966 – Planet of Exile 20px Nederlânske oersetting: Ballingsplaneet (fert. Tonny Vos-Dahmen von Buchholz, 1973) 1967 – City of Illusions 20px Nederlânske oersetting: De Shing-begoocheling (fert. A.B.H. van Bommel-Van Terwisga, 1972) 1969 – The Left Hand of Darkness 20px Nederlânske oersetting: Duisters Linkerhand (fert. M.K. Stuyter, pseudonym fan Mieke Groot, 1971; fanôf de 5de druk, yn 1988, útjûn as De Linkerhand van het Duister) 1972 – The Word for World Is Forest (novelle) 20px Nederlânske oersetting: Het Woord voor Wereld Is Woud (fert. Jean Arnoldus Schalekamp, 1975) 1974 – The Disposessed 20px Nederlânske oersetting: De Ontheemde (fert. Annemarie van Ewijck, 1975) 2000 – The Telling