Foarfallen 21 juny - yn Bamberch wurdt Roomsk-kening Filips fan Swaben fermoarde. Yn de stêd Orange wurdt ûnder Guillaume des Baux de katedraal Nôtre-Dame de Nazareth ynwijd. Nei in besite oan it grevelik hôf yn Toulouse wurdt de pauslike legaat Pierre de Castelnau by it oerstekken fan de Rône fermoarde. Paus Innosentsius III skoot de moard yn de skuon fan de Kataren en brûkt de moard om kening Filips II Augustus ûnder druk te setten om in krústocht tsjin de Albiginzen (Kataren) te organisearjen.
Berne Möngke Khan, fjirde khan fan it Mongoalske Ryk( † 1259).
Ferstoarn 21 juny - Filips fan Swaben (31), Dútske kening
Kategory:13e iuw