Foarfallen sûnder datum - Fransiskus fan Assisi kriget fan paus Ynnosintius III mûnling tastimming om te libjen neffens it evangeelje. Dit is – efterôf besjoen – it begjin fan 'e kleasteroarder fan 'e minderbruorren of fransiskanen. sûnder datum - Tsuchimikado wurdt opfolge troch Juntoku as keizer fan Japan. sûnder datum - Kûtbûddin Aibak, de sultan fan Delly, komt by in ûngemak ûnder in polowedstryd om it libben. Neitiid wit syn skoansoan Iltûtmisj de macht te gripen.
Berne 5 maaie - kening Alfûns III fan Portegal († 1279) 24 augustus - greve Floaris IV fan Hollân († 1234) datum ûnbekend Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, Skotsk ealman († 1295)
Ferstoarn 15 novimber - keizer Lý Cao Tông fan Fjetnam (* 1176) datum ûnbekend sultan Kûtbûddin Aibak (Qutb ud-Din Aibaq) fan Delly (* 1150)
Kategory:13e iuw