thumb|Jan Bulthuis(akwarel fan Hendrik Willem Caspari) Jan Bulthuis (Grins, doopt 30 oktober 1750 - Amsterdam, 29 maaie 1801 wie in Nederlânsk tekener en keunstskilder.
Biografy Bulthuis wie in soan fan Claas Bulthuis en Wemeltien Huising. De húshâlding wenne yn de Stoeldraaierstrjitte yn Grins.Alle Groningers: Doopboek Grins Hy krige skilderûnderrjocht fan Jurriaen Andriessen en learde tekenjen by Johannes Wieringa. Yn 't earstoan skildere er lânskippen op behang. Letter lei er him ta op it tekenjen fan steds- en doarpsgesichten. Hy arbeide yn Grins en fan 1780 ôf yn Amsterdam, dêr't er him yn 1785 ynskriuwe liet by de Stedstekenakademy en dêr in gouden medalje wûn. Hy makke de tekeningen foar de "Tegenwoordigen staat der Vereenigde Nederlanden"; Carel Frederik Bendorp makke de gravueres. Teffens makke er in rige tekeningen foar de Beschrijving van de Zaanlandsche dorpen fan Adriaan Loosjes, dat 1794 útjûn waard. Bulthuis syn tekeningen binne ek opnaam yn de "Friese "Vaderlandsche gezichten"" (1968).
Bibliografy Bulthuis, Jan Vaderlandsche gezichten of afbeeldingen, behoorende tot den Tegenwoordigen staat der Vereenigde Nederlanden, útj. H. Gartman, Amsterdam, 1786-1792 Loosjes, Adriaan (fermeardere fan Petrus Loosjes) Beschrijving van de Zaanlandsche dorpen, Haarlim, 1794 Kalma, Jacob Jetzes Friese "Vaderlandsche gezichten", De Tille, Ljouwert, 1968 Koppejan, Rita Jan Bulthuis: productief tekenaar met een jichtachtig gestel, yn: Museumkrante fan it Grinzer Museum, neijier 2000
Galery
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1750 Kategory:Persoan stoarn yn 1801