Hendrik Willem Caspari (Wesel am Rhein, 28 jannewaris 1770 - Amsterdam, 8 septimber 1829) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener en graveur fan Dútsk komôf.RKD
Libben en wurk Caspari ferhuze al op jonge jierren, yn 1776, nei Amsterdam. Dêr waard er oplaat ta behangskilder en gie er oan 't wurk yn it behangselfabryk fan Jan Hendrik Troost van Groenendoelen. Oan Felix Meritis, in keunstsinnich genoatskip dat 1777 yn Amsterdam oprjochte waard, krige er ûnderrjocht yn tekenjen en skilderjen fan Geerlig Grijpmoed en Jan Hendrik van Grootvelt. Hy ûntjoech him ta portrettist. Hy makke portretten fan ûnder oaren Hendrik Laurenss. Spiegel, Gijsbert Karel van Hogendorp, Leopold van Limburg Stirum, Rhijnvis Feith en Hendrik Tollens. In soad fan syn tekene portretten waarden gravueres fan makke troch Jacob Ernst Marcus. Caspari makke sels ek gravueres fan syn portretten.Byldbank Amsterdam: Portretten fan Hendrik Willem Caspari Caspari wie lid fan it Kunstbevorderend Genootschap V.W. yn Amsterdam.
Hy stoar yn de âldens fan 59 jier yn Amsterdam.
Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk tekener Kategory:Dútsk etser Kategory:Dútsk graveur Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk graveur Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1770 Kategory:Persoan stoarn yn 1829