De Dakota-Odjibwe Stammeried (Ingelsk: Dakota Ojibway Tribal Council, DOTC) is in regionaal yntertribaal gearwurkingsferbân fan Yndiaanske stamme-organisaasjes yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. De leden binne stammen (yn Kanada "earste naasjes" neamd) dy't yn etnysk opsjoch itsij fan Odjibwe-, itsij fan Dakota-erfskip binne. De DOTC waard oprjochte yn augustus 1974, yn 'e stêd Brandon, mei as doel om tsjinsten op alderlei mêd te leverjen en te fasilitearjen dy't foar lytse stamme-organisaasjes op eigen manneboet net te bewurkmasterjen wiene, lykas sûnenssoarch, ûnderwiis en plysjetsjinsten, mar dêrnjonken ek om op praktyske manearen te hantlangjen, lykas mei in boekhâldkundige tsjinst. By de oprjochting hie de DOTC tsien leden; sûnt binne trije dêrfan harren eigen wei gien. De hjoeddeistige leden binne: de Long Plain Earste Naasje de Roseau River Anishinabe Earste Naasje de Sandy Bay Earste Naasje de Swan Lake Earste Naasje de Birdtail Sû Earste Naasje de Waywayseecappo Earste Naasje
Eardere leden wiene: de Canupawakpa Dakota Naasje de Dakota Plains Wahpeton Naasje de Sioux Valley Dakota Naasje
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Dakota-Odjibwe Stammeried
Kategory:Dakota (folk) Kategory:Odjibwe Kategory:Regionale Yndiaanske organisaasje yn Kanada Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1974