De Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Ingelsk: Australian Indian Ocean Territories) foarmje in geografyske en bestjoerlike subdifyzje fan Austraalje, dy't bestiet út twa lytse eksterne territoaria yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan, te witten:

Krysteilân, op 10°30′ suderbreedte by 105°40′ easterlingte de Kokoseilannen, op 12°07′ suderbreedte by 96°54′ easterlingte

Skiednis Krysteilân kaam yn 1957 by Austraalje te hearren. De Kokoseilannen falle offisjeel sûnt 1955 ûnder de Australyske soevereiniteit, mar yn 'e praktyk wie dy arsjipel oant 1978 in selsstannich steatsje ûnder it bestjoer fan 'e Clunies-Ross-dynasty, dy't harsels "kening fan 'e Kokoseilannen" neamden.

Bestjoer De beide territoaria, dêr't njonken de federale Australyske wetten ek de wetjouwing fan 'e dielsteat West-Austraalje fan krêft is (ynsafier't dy tapasber is), waarden yn 1997 bestjoerlik gearfoege ta de Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan, mei ien fertsjintwurdiger fan it Australyske regear dy't foar beide territoaria oansteld waard. Dy fertsjintwurdiger, de administrator ("bestjoerder"), residearret yn Flying Fish Cove, op Krysteilân. Beide territoaria hawwe in tige beheinde foarm fan selsbestjoer, troch in shire council dy't noch it measte wei hat fan in sljochtwei gemeenteried.

De ûnbewenne Ashmore- en Cartiereilannen, in oar Australysk gebietsdiel yn 'e Yndyske Oseaan, hearre net ta de Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan, mar foarmje in apart ekstern territoarium. It krektlyk ûnbewenne Hibernia Reef, ek yn 'e Yndyske Oseaan, falt bestjoerlik streekrjocht ûnder West-Austraalje.

Kategory:Oerseesk gebietsdiel fan Austraalje Kategory:Ofhinklik gebiet yn Aazje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997