thumb| Ad van Luyn (2009)
Adrianus Herman (Ad) van Luyn (Grins, 10 augustus 1935) is in Nederlânsk Roomsk-katolyk geastlike. Hy wie fan 1994 oant 2011 biskop fan Rotterdam en dêrnei biskop-emeritus.
Libbensrin Van Luyn ûntfong syn prysterwijing op 9 febrewaris 1964 troch Giuseppe Beltrami, titulêr aartsbiskop fan Damaskus. Hy waard 27 novimber 1993 ta biskop fan Rotterdam beneamd. 12 febrewaris 1994 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Hubertus Cornelis Antonius Ernst, biskop-emeritus fan Breda, en Tarcisio Pietro Evasio Bertone, aartsbiskop fan Vercelli, as ko-konsekrators. 11 jannewaris 2011 gong er mei emeritaat.
Konsekrator Hy wie konsekrator fan: Wilhelmus Adrianus Josephus Maria de Bekker (2005)
Publikaasjes Modern en devoot. Geloven in de Randstad. Baarn 1999 Solidair en sober. Dienstbaar in de Randstad. Kampen 2001 Geroepen en verantwoordelijk. Luisteren in de Randstad. Kampen 2003 Jongeren op weg. Brieven aan een jonge pelgrim. Antwerpen/Rotterdam2004 Samenwerken voor het Evangelie. Antwerpen 2004 Samen verder. Wegen naar vergeving en verzoening. Tielt 2006 Waarden en deugden. Zorgvuldig in de Randstad. Kampen 2006 Politiek en metapolitiek. Gewetensvol in de Randstad. Kampen 2008 Autonoom en heteronoom. Evenwichtig in de Randstad. Utert 2011
Keppelings om utens Biografy by Catholic Hierarchy
Kategory:Nederlânsk biskop Kategory:Roomsk-katolyk biskop Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1935