Onsala is in plak yn de gemeente Kungsbacka yn it lânskip Halland yn Sweden.
Namme Yn 'e altfte iuw wie Onsala foar Wytsings in wichtich plak. Dêr't hjoed-de-dei de tsjerke fan Onsala stiet, wie foarhinne in offerbosk. it plak stie bekend as Odens sal (de seal of hal fan Odin). De plaknamme Onsala ferwiist dêrhinne.
Skiednis Yn 'e rin fan 'e 20e iuw waard it plak populêr by simmerrekreanten en waarden der simmerhûzen boud. Sûnt de jierren 1950 en 1960 waarden in soad frijsteande hûzen byboud. Nei de foltôging fan 'e snelwei fanút Göteborg yn 'e jierren 1970 waarden in protte simmerwenten ferboud foar fêste bewenning. Sûnt dy tiid binne ferskillende kearnen gearfoege ta it hjoeddeiske Onsala.
Tradisjoneel hie Onsala in sterke maritime ynslach. It stie bekend om syn reders en lânhûzen fan kapteins. Hjoed-de-dei is Onsala in typysk forinseplak (pendlersamhälle) foar minsken dy't nei Göteborg of Kungsbacka op en del pindelje.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1990 1995 2000 2005 2010 2015 2020 Onsala 5.176 6.352 6.893 11.375 11.951 12.275 12.415
Kategory:Plak yn Sweden