De Sûaanske talen of Sûaansk-Katôbyske talen foarmje ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika. De measten leden fan dizze taalfamylje binne sitewearre op 'e Grutte Flakten, wylst party eastliker sprutsen wurde (of waarden), en ien yn 'e Rocky Mountains fan Kanada bedarre is.

Namme De measte taalkundigen sprekke fan "de Sûaanske talen", dy't se dan opdiele yn 'e Westsûaanske (of Echt Sûaanske) en de Eastsûaanske (of Katôbyske) talen. Party beheine it gebrûk fan 'e namme "Sûaansk" lykwols ta de westlike tûke fan 'e famylje, en neame de hiele famylje "de Sûaansk-Katôbyske talen". Yn beide gefallen wurdt itselde bedoeld; der is gjin taalkundich ûnderskie tusken de termen.

Opbou De opbou fan 'e Sûaanske taalfamylje is sa:

Sûaanske talen (of Sûaansk-Katôbyske talen) Eastsûaanske talen (of Katôbyske talen) † Katôba (Catawba) † Wokkon (Woccon) † Westsûaanske talen (of Echt Sûaanske talen) Mandan (Mandan) Mississippydelling-Sûaanske talen (of Middensûaanske talen) Dakotaanske talen Assiniboin-Stony Assiniboin (Assiniboine/Nakota) Stony (Stoney) Sû (Sioux) Dakota (Dakota) Eastlik Dakota (Eastern Dakota) Westlik Dakota (Western Dakota) Lakota (Lakota) Degihaanske talen Kansa-Osadzje Kansa (Kansa of Kaw) † Osadzje (Osage) † Kwapou (Quapaw) Omaha-Ponka Omaha (Omaha) Ponka (Ponca) † (?) Mitsjigameä (Michigamea) † Tsjiweare-Winnebago Tsjiweare-talen Iowa (Iowa) Missoeria (Missouria) Oto (Otoe) Winnebago (Winnebago) Missourydelling-Sûaanske talen (of Kriesk-Hidatsa) Kriesk (Crow) Hidatsa (Hidatsa) Ohiodelling-Sûaanske talen (of Súdeastsûaanske talen) † Firginiasûaanske talen (of Tûtelo) † Tûtelo-Sapony-Monekan (Tutelo-Saponi-Monacan) † Moneton (Moneton) † Mississippysûaanske talen (of Ofo-Biloksy) † Biloksy (Biloxi) Ofo (Ofo)

Besibskip mei oare talen Taalwittenskippers tinke dat it Jûtsy (Yuchi), in isolearre taal út it Amerikaanske súdeasten, miskien de neiste sibbe wêze kinne soe fan 'e Sûaanske talen. As men fierder teorisearret komt men by de Makro-Sûaanske talen út. Dat is in hypotetyske taalfamylje dy't behalven Sûaansk-Jûtsy ek de Keddoaanske en de Irokeeske talen omfetsje soe. In noch fierdere sibbe soe dan it Kerresan (Keresan) wêze kinne; de hypotetyske famylje dy't de Makro-Sûaanske talen en it Kearesan omfiemet, wurdt de Kearesûaanske taalfamylje neamd.

Kategory:Taalfamylje