It Sûtajo (Ingelsk: Sutaio; Sjajinsk: So’taa’e; Sûtajo: Šǔ’tai) is de útstoarne taal fan 'e Sûtajo, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat om 1850 hinne opgien is yn 'e Súdlike Sjajinnen.
Taalbesibskip Tegearre mei it nau besibbe Sjajinsk foarmet it Sûtajo de Sjajinske taalgroep fan 'e Algonkwynske talen. Hoe nau oft it Sjajinsk en it Sûtajo krekt besibbe wiene, is net alhiel dúdlik. Sjajinske boarnen binne der ienriedich oer dat de Sûtajo "in Sjajinske taal" sprieken, d.w.s., in taalfoarm dy't sa nau mei it Sjajinsk besibbe wie, dat se it noch neikomme koene, sij it mei muoite. It is lykwols ûnwis oft it dêrby om twa nau besibbe talen gie, of dat it Sûtajo in wat ôfwikend Sjajinsk dialekt wie.
Kategory:Sjajinnen Kategory:Algonkwynske talen Kategory:Yndiaanske taal yn Noard-Amearika Kategory:Utstoarne taal Kategory:Taal yn de Feriene Steaten