De Algyske talen of Algonkwynsk-Ritwaanske talen foarmje ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika. Se falle útinoar yn 'e grutte Algonkwynske taalfamylje en de lytse isolearre talen Joerok (Yurok) en Wiot (Wiyot).

It (oarspronklike) spraakgebiet fan 'e Algonkwynske talen beslacht in ûnwittend grut stik fan Noard-Amearika, dat him útstrekt fan 'e eastkust oant djip yn 'e Rocky Mountains, wylst it Joerok en Wiot beide oan 'e Pasifyske kust, yn noardlik Kalifornje, sprutsen waarden. Nettsjinsteande harren geografyske neite binne dy beide talen net nauwer mei-inoar besibbe as mei de Algonkwynske talen. Likegoed wurde se tegearre wol beflapt ûnder de term Ritwaanske talen, mar men moat goed yn 'e rekken hâlde dat dat in geografyske oantsjutting is, en net in taalkundigen-ien.

Taalwittenskippers binne fan tinken dat al dizze talen ôfstamje fan it Proto-Algysk, in twaddetriems foarâlderlike prototaal dy't rekonstruëarre is op grûn fan it sels ek rekonstruëarre Proto-Algonkwynsk, dêr't de Algonkwynske talen út fuortkomme, en de oerlevere talen Joerok en Wiot.

Terminology De namme "Algysk" (Ingelsk: Algic) is betocht troch de taalkundige Henry Rowe Schoolcraft, dy't it brûkte foar syn Algic Researches, in wurk dat publisearre waard yn 1839. Schoolcraft definiëarre de term as: "ôflaat fan 'e wurden "Alleghany" [in rivier] en "Atlantic", ferwizend nei it ras fan 'e Yndianen dat fan âlds yn dit geografysk gebiet tahâldt." Syn terminology waard lykwols net beholden, mei't wat hy "de Algyske talen" neamde neitiid by de Algonkwynske talen foege waard. Mar doe't de taalkundige Edward Sapir yn 1913 foar it earst fêststelde dat it Joerok en Wiot besibbe wiene mei de Algonkwynske talen, besleat er de term "Algyske talen" te recycljen as de namme fan 'e taalfamylje dy't sawol de Algonkwynske as de beide Kalifornyske talen omfieme.

Opbou N.B.: de termen "Ritwaanske talen", "Flakte-Algonkwynske talen" en "Middenalgonkwynske talen" binne geografyske termen sûnder taalkundige basis. Inkeld de Eastalgonkwynske talen is fan bewiisd dat se neier oaninoar besibbe binne as oan 'e rest fan 'e Algonkwynske famylje.

Algyske talen Ritwaanske talen † Joerok (Yurok) † 2013 Wiot (Wiyot) † Algonkwynske talen Eastalgonkwynske talen Abenaky (Abenaky) Eastlik Abenaky of Penobskot (Eastern Abenaki of Penobscot) † Westlik Abenaky of Abenaky (Western Abenaki of Abenaki) Delawêr (Delaware) Munsy (Munsee) Unamy (Unami) † (?) Etsjemin (Etchemin) † Karolina-Algonkwynsk (Carolina Algonquian) † (?) Lumby (Lumbee) † Pamliko (Pamlico) † Kwiripy (Quiripi) † Kwinnipiak (Quinnipiac) † Mattabesik (Mattabesic) † Naugatuk (Naugatuck) † Pôgusset (Paugussett) † Potatuk (Potatuck) † Unkwatsjok (Unquachog) † Wiintinok (Weantinock) † (?) Lûp (Loup) † (?) Lûp A (Loup A) † (kin wierskynlik lykslein wurde mei it Nipmuk, Nipmuc) (?) Lûp B (Loup B) † Malisiit-Passamakwoddy (Maliseet-Passamaquoddy) Malisiit (Maliseet of Malecite) Passamakwoddy (Passamaquoddy) Massatsjûset (Massachusett) ±1885-1993 † Natik (Natic) † Naugatuk (Naugatuck) † Naumkeäch (Naumkeag) † Nauset (Nauset) † Pokanoket (Pokanoket) † Wampanoäch (Wampanoag) ±1885-1993 † Mikmak (Micmac) Mohegan-Pikwot † Mohegan (Mohegan) † Montauk (Montauk) † Njantik (Niantic) † Pikwot (Pequot) † (?) Sjinnekok (Shinnecock) † Mohikaansk (Mahican) † Nantikook-Piskatawee † Nantikook (Nanticoke) † Piskatawee (Piscataway) † Narraganset (Narragansett) † Pouhattan (Powhatan) † (?) Sjinnekok (Shinnecock) † Flakte-Algonkwynske talen Arapahooske talen Arapaho-Atsina Arapaho (Arapaho) Noardlik Arapaho (Northern Arapaho) Súdlik Arapaho (Southern Arapaho) Besawûnena (Besawunena) † Gro Wânt (Gros Ventre, ek wol Atsina neamd) † Nawatinehena (Nawathinehena) † Haänahawûnena (Ha’anahawunena) † Sjajinske talen Sjajinsk (Cheyenne) Noardlik Sjajinsk (Northern Cheyenne) Súdlik Sjajinsk (Southern Cheyenne) Sûtajo (Sutaio) † Swartfuotsk (Blackfoot) Kainai (Kainai of Blood) Pigan (Piegan) Noardlik Pigan (Northern Piegan) Súdlik Pigan (Northern Piegan) Siksika (Siksika) Middenalgonkwynske talen Kry-Montanjeesk-Naskapy Attikamek (Atikamekw) Kry (Cree) East-Kry (East Cree) Noardlik East-Kry (Northern East Cree) Súdlik East-Kry (Southern East Cree) Eland-Kry (Moose Cree) Flakte-Kry (Plains Cree) Somp-Kry (Swampy Cree) Wâld-Kry (Woods Cree) Montanjeesk (Montagnais of Innu) Eastlik Montanjeesk (Eastern Montagnais) Westlik Montanjeesk (Western Montagnais) Naskapy (Naskapi) Majêmy-Illinois (Miami-Illiois) † Illinois (Illinois) † Majêmy (Miami) † (wurdt wer nij libben ynblaasd) Menominy (Menominee) Meskweky (Mesquakie) Kikkepû (Kickapoo) (?) Maskouten (Mascouten) † Sôk en Foks (Sauk and Fox) Foks (Fox) Sôk (Sauk) Odjibwe-Potawatomy Potawatomy (Potawatomi) Odjibwe-Ottawa Algonkin (Algonquin of Algonkin) Odjibwe (Ojibwe, Ojibwa of Ojibway) Eastlik Odjibwe (Eastern Ojibwe) Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe of Saulteaux) Noardwestlik Odjibwe (Northwestern Ojibwe) Sintraal Odjibwe (Central Ojibwe) Nipissing (Nipissing) Mississauga (Mississauga) Súdwestlik Odjibwe (Southwestern Ojibwe of Chippewa) Odjy-Kry (Oji-Cree) Ottawa (Ottawa) Sjâny (Shawnee)

Kategory:Taalfamylje