Yndianestammen mei federale erkenning binne lânseigen Yndiaanske stamme-organisaasjes yn 'e Feriene Steaten, dy't wetlike erkenning genietsje fan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. Yn maaie 2013 publisearre it Federaal Register fan 'e Feriene Steaten in offisjele list mei de nammen fan 'e 566 stammen dy't doe federale erkenning genoaten. Sûnt dy tiid binne der noch ferskaten by kommen.

Dizze erkenning is fan belang om't it Amerikaanske Kongres ûnder de Amerikaanske Grûnwet it rjocht hat om mei offisjeel erkende stammen om te gean, wat dy stammen beskate foardielen ferskaft (û.m. op it mêd fan belestings) en harren foar soevereine naasjes oanmerkt. Sokke soevereine naasjes binne semy-autonome regearings, dy't net bûn binne oan 'e wetten fan 'e Amerikaanske steaten binnen de grinzen wêrfan't sy har befine, mar wol oan 'e federale wetjouwing. It wetjaande tafersjoch oer harren wurdt úteinlik útoefene troch it Amerikaanske Kongres, wylst de útfierende macht yn dizzen foarme wurdt troch it Buro fan Yndiaanske Saken. It aard en de legitimiteit fan 'e relaasjes tusken dy ynstânsjes en de federaal erkende stammen wurdt troch de Yndianen noch altiten bekreaud.

In federaal erkende "stamme" is net wat men bûten de Feriene Steaten, dêr't it begryp stamme ornaris lykslein wurdt mei in etnyske groep, ferwachtsje soe. Yn 'e Feriene Steaten kin in stamme lykwols ferskate etnyske groepen omfetsje, lykas de Colville Konfederearre Stammen, dy't út tolve etnyske groepen besteane. Likegoed is it mooglik dat ien etnyske groep fertsjintwurdige wurdt troch mear as ien federaal erkende stamme, lykas by de Sjajinnen (2), de Ponka (2), de Sjeroky (3), de Lakota (6) of de Kûmejaai (13).

Om federale erkenning te winnen, moat in stamme foldwaan oan sân betingsten fan it BIA, dy't yn 1978 har definitive foarm krigen hawwe. Fjouwer dêrfan binne yn 'e regel problematysk foar stammen dy't federale erkenning besykje te krijen: dat it in tradisjonele groep mei histoaryske woartels is; dat it fan âlds troch de bûtenwrâld identifisearre is as in Yndiaanske entiteit; dat it polityk gesach útoefenet oer syn leden; en dat it fuortkomt út in histoaryske stamme. Organisaasjes dy't federale erkenning oanfreegje, moatte detaillearre petysjes yntsjinje by it BIA, en der geane faak jierren oerhinne foar't der in definitive útspraak dien wurdt (tweintich of sels tritich jier is gjin útsûndering, al duorret it yn trochsneed in jier as fyftjin). Om in foarbyld te jaan, de Sjinnekok Yndianenaasje tsjinne yn 1978 foar it earst in petysje yn, en wist einlings yn te'n lêsten federale erkenning te bemachtigjen yn 2010, 32 jier letter. De measte oanfragen wurde trouwens úteinlik ôfwiisd. In protte (mar lang net alle) ôfsûnderlike Amerikaanske steaten biede Yndiaanske stammen in legere foarm fan erkenning, dy't oer it algemien makliker te besetten is, mar dêr't folle minder foardielen en rjochten oan ferbûn binne (sjoch: List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo).

Alabama de Poarch Troep fan Kriik Yndianen

Alaska it Lânseigen Doarp Afognak (foarhinne it Doarp Afognak) de Agdaagux Stamme fan King Cove it Lânseigen Doarp Akhiok de Lânseigen Mienskip fan Akiachak de Lânseigen Mienskip fan Akiak it Lânseigen Doarp Akutan it Doarp Alakanuk it Alatna Doarp it Lânseigen Doarp Aleknagik it Algaaciq Lânseigen Doarp (foarhinne it Lânseigen Doarp St. Mary's) it Allakaket Doarp it Lânseigen Doarp Ambler it Doarp Anaktuvuk Pass de Jûpiit fan Andreafski de Mienskipsferiening fan Angoon it Doarp Aniak it Anvik Doarp de Asa'carsarmiut Stamme (foarhinne it Lânseigen Doarp Mountain Village) it Lânseigen Doarp Atka it Doarp Atmautluak it Atqasuk Doarp (foarhinne stavere as "Atkasook") it Tradisjoneel Inûpiat Regear fan it Lânseigen Doarp Barrow it Beaver Doarp it Lânseigen Doarp Belkofski it Doarp Bill Moore's Slough de Stamme fan Birch Creek it Lânseigen Doarp Brevig Mission it Lânseigen Doarp Buckland it Lânseigen Doarp Cantwell it Chalkyitsik Doarp it Lânseigen Doarp Chanega (ek wol stavere as "Chenega") de Cheesh-Na Stamme (foarhinne it Lânseigen Doarp Chistochina) it Doarp Chefornak it Chevak Lânseigen Doarp it Chickaloon Lânseigen Doarp de Lânseigen Ried fan Chignik Bay (foarhinne it Lânseigen Doarp Chignik) it Lânseigen Doarp Chignik Lagoon it Chignik Lake Doarp it Chilkat Yndiaanske Doarp de Chilkoot Yndiaanske Feriening de Chinik Eskimomienskip it Lânseigen Doarp Chitina it Lânseigen Doarp Chuathbaluk it Chuloonawick Lânseigen Doarp de Lânseigen Mienskip fan Circle it Doarp Clarks Point it Lânseigen Doarp Council de Mienskipsferiening fan Craig it Doarp Crooked Creek de Stammeried fan Curyung (foarhinne it Lânseigen Doarp Dillingham) it Lânseigen Doarp Deering it Lânseigen Doarp Diomede (ek wol bekend as it Lânseigen Doarp Inalik) it Doarp Dot Lake de Yndiaanske Feriening fan Douglas it Lânseigen Doarp Eagle it Lânseigen Doarp Eek it Egegik Doarp it Lânseigen Doarp Eyak it Eklutna Lânseigen Doarp it Lânseigen Doarp Ekuk it Ekwok Doarp it Lânseigen Doarp Elim it Emmonak Doarp it Evansville Doarp (ek wol bekend as it Bettles Field Doarp) it Lânseigen Doarp False Pass it Lânseigen Doarp Fort Yukon it Lânseigen Doarp Gakona it Galena Doarp (foarhinne it Louden Doarp) it Lânseigen Doarp Gambell it Lânseigen Doarp Georgetown it Lânseigen Doarp Goodnews Bay it Organisearre Doarp Grayling (ek wol bekend as it Organisearre Doarp Holikachuk) it Gulkana Doarp it Lânseigen Doarp Hamilton it Healy Lake Doarp de Koöperative Feriening fan Hydaburg it Holy Cross Doarp de Yndiaanske Feriening fan Hoonah it Lânseigen Doarp Hooper Bay it Hughes Doarp it Huslia Doarp de Yakutat Tlingit Stamme it Igiugig Doarp it Doarp Iliamna de Inûpiat Mienskip fan 'e Arktyske Skeante de Tradisjonele Ried fan Iqurmuit (foarhinne it Lânseigen Doarp Russian Mission) it Ivanoff Bay Doarp it Kaguyak Doarp it Organisearre Doarp Kake it Kaktovik Doarp (ek wol bekend as it Barter Island Doarp) it Doarp Kalskag it Doarp Kaltag it Lânseigen Doarp Kanatak it Lânseigen Doarp Karluk it Organisearre Doarp Kasaan de Tradisjonele Ried fan Aldsten fan Kaskigluk (foarhinne it Lânseigen Doarp Kaskigluk) de Kenaitze Yndianestamme de Yndiaanske Korporaasje fan Ketchikan it Lânseigen Doarp Kiana de King Island Lânseigen Mienskip de King Salmon Stamme it Lânseigen Doarp Kipnuk it Lânseigen Doarp Kivalina de Koöperative Feriening fan Klawock it Lânseigen Doarp Kluti Kaah (foarhinne it Lânseigen Doarp Copper Center) de Knik Stamme it Lânseigen Doarp Kobuk it Lânseigen Doarp Koyuk it Koyukuk Lânseigen Doarp it Kokhanok Doarp it Lânseigen Doarp Kongiganak it Doarp Kotlik it Lânseigen Doarp Kotzebue it Organisearre Doarp Kwethluk it Lânseigen Doarp Kwigillingok it Lânseigen Doarp Kwinhagak (ek wol stavere as "Quinhagak") it Lânseigen Doarp Larsen Bay it Levelock Doarp it Lesnoi Doarp (ek wol bekend as it Woody Island Doarp) it Lime Doarp it Doarp Lower Kalskag it Manley Hot Springs Doarp it Manokotak Doarp it Lânseigen Doarp Marshall (ek wol bekend as it Lânseigen Doarp Fortuna Ledge) it Lânseigen Doarp Mary's Igloo it McGrath Lânseigen Doarp it Lânseigen Doarp Mekoryuk de Tradisjonele Ried fan Mentasta de Metlakatla Yndiaanske Mienskip fan it Annette Island Reservaat it Lânseigen Doarp Minto it Naknek Lânseigen Doarp it Lânseigen Doarp Nanwalek (foarhinne it Lânseigen Doarp English Bay) it Lânseigen Doarp Napaimute it Lânseigen Doarp Napakiak it Lânseigen Doarp Napaskiak it Lânseigen Doarp Nelson Lagoon de Nenana Lânseigen Feriening de Doarpsried fan New Koliganek (foarhinne it Koliganek Doarp) it New Stuyahok Doarp it Newhalen Doarp it Newtok Doarp it Lânseigen Doarp Nightmute it Nikolai Doarp it Lânseigen Doarp Nikolski it Ninilchik Doarp it Lânseigen Doarp Noatak de Eskimomienskip fan Nome it Nondalton Doarp de Noorvik Lânseigen Mienskip it Northway Doarp it Lânseigen Doarp Nuiqsut (ek wol stavere as "Nooiksut") it Nulato Doarp de Nunakauyarmiut Stamme (foarhinne it Lânseigen Doarp Toksook Bay) it Lânseigen Doarp Nunam Iqua (foarhinne it Lânseigen Doarp Sheldon's Point) it Lânseigen Doarp Nunapitchuk it Doarp Ohogamiut it Doarp Old Harbor it Orutsararmuit Lânseigen Doarp (foarhinne it Bethel Lânseigen Doarp) it Oscarville Tradisjonele Doarp it Lânseigen Doarp Ouzinkie it Lânseigen Doarp Paimiut it Pauloff Harbor Doarp it Pedro Bay Doarp it Lânseigen Doarp Perryville de Yndiaanske Feriening fan Petersburg it Lânseigen Doarp Pilot Point it Pilot Station Tradisjonele Doarp it Lânseigen Doarp Pitka's Point it Platinum Tradisjonele Doarp it Lânseigen Doarp Point Hope it Lânseigen Doarp Point Lay it Lânseigen Doarp Port Graham it Lânseigen Doarp Port Heiden it Lânseigen Doarp Port Lions it Portage Creek Doarp (ek wol bekend as it Ohgsenakale Doarp) de Aleoetyske Mienskippen fan de Pribilofeilannen fan Sint-Paul en Sint-George de Qagan Tayagungin Stamme fan it Sand Point Doarp de Qawalangin Stamme fan Unalaska it Rampart Doarp it Doarp Red Devil it Lânseigen Doarp Ruby it Lânseigen Doarp Saint Michael it Doarp Salamatoff it Lânseigen Doarp Savoonga it Organisearre Doarp Saxman it Lânseigen Doarp Scammon Bay it Lânseigen Doarp Selawik de Seldovia Doarpsstamme it Shageluk Lânseigen Doarp it Lânseigen Doarp Shaktoolik it Lânseigen Doarp Shishmaref it Lânseigen Doarp Shungnak de Sitka Stamme fan Alaska it Skagway Doarp it Doarp Sleetmute it Doarp Solomon it South Naknek Doarp de Stebbins Mienskipsferiening it Lânseigen Doarp Stevens it Doarp Stony River de Sun'aq Stamme fan Kodiak (foarhinne de Shoonaq Stamme fan Kodiak) it Takotna Doarp it Lânseigen Doarp Tanacross it Lânseigen Doarp Tanana it Lânseigen Doarp Tatitlek it Lânseigen Doarp Tazlina it Telida Doarp it Lânseigen Doarp Teller it Lânseigen Doarp Tetlin it Lânseigen Doarp Tyonek de Sintrale Ried fan de Tlingit en Haida Yndianestammen fan Alaska it Tradisjonele Doarp Togiak de Tuluksak Lânseigen Mienskip it Lânseigen Doarp Tuntutuliak it Lânseigen Doarp Tununak it Twin Hills Doarp it Ugashik Doarp it Umkumiute Lânseigen Doarp it Lânseigen Doarp Unalakleet it Lânseigen Doarp Unga it Tribale Regear fan it Lânseigen Doarp Venetie (ynkl. Arctic Village en it Doarp Venetie) it Doarp Wainwright it Lânseigen Doarp Wales it Lânseigen Doarp White Mountain de Koöperative Feriening fan Wrangell

Arizona de Ak-Chin Yndianemienskip de Yndianestamme fan Fort Mojave (ek yn Kalifornje en Nevada) de Yndianemienskip fan Gila River de Havasûpai Stamme de Hopy Naasje de Javapai Naasje fan Fort McDowell de Javapai-Apache Naasje de Javapai-Prescott Stamme de Kaibab Troep fan Pajût Yndianen de Kokopa Stamme fan Arizona de Yndianestammen fan de Koloradorivier (ek yn Kalifornje) de Kwetsan Yndianen fan Fort Yuma (ek yn Kalifornje) de Navaho Naasje (ek yn Nij-Meksiko en Utah) de Pasqua Jaky Stamme fan Arizona de Pima-Marikopa Yndianemienskip fan Salt River de San Carlos Apache Stamme de San Juan Súdlike Pajût Stamme de Papago Naasje de Tonto Apache Stamme de Walapai Stamme de White Mountain Apache Stamme

Arkansas gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Delaware gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Fermont gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Firginia de Pamunky Yndianestamme (sûnt 2015)

Floarida de Mikosûky Stamme fan Yndianen fan Floarida de Seminoalske Stamme fan Floarida

Georgia gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Hawaï gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Idaho de Keur d'Alêne Stamme de Kûtenai Stamme fan Idaho de Nez Persé Stamme fan Idaho de Sjosjoanske en Bannock Stammen fan it Fort Hall Reservaat fan Idaho de Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat (ek yn Nevada)

Illinois gjin Yndianestammen mei federale erkenning

Indiana