De Fallei fan de Ungeduerigens, yn it oarspronklike Ingelsk: The Valley of Unrest, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It waard foar it earst publisearre ûnder de titel The Valley of Nis yn 'e bondel Poems, by Edgar A. Poe, út 1831. It gedicht krige syn úteinlike namme by in publikaasje yn it tydskrift American Review: A Whig Journal, yn april 1845. Poe hie it foarôfgeande dêroan op 'e nij besjoen en wat ynkoarte. De Fryske oersetting, fan Jan Schotanus, datearret út 2008. __NOTOC__ Ynhâld Yn 'e oarspronklike tekst fan The Valley of Unrest, út 1831, freget de sprekker him oft alle dingen fan skientme fier fuort binne, en oft de fallei no foar in part Satan, foar in part ingel en foar in grut part brutsen hert is. Teffens wurdt der in "Helen" neamd, wat skoan in ferwizing wêze kin nei Jane Stanard, de mem fan in jeugdfreon fan Poe, oan wa't er de oade To Helen skreau. De úteinlike tekst, út 1845, is koarter en ferskilt op plakken gâns fan syn foargonger. De ferwizing nei "Helen" is hjiryn fuorthelle.
Fryske oersetting De Fryske oersetting fan The Valley of Unrest ferskynde yn 2008 ûnder de titel De Fallei fan de Ungeduerigens yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Jan Schotanus.
Keppelings om utens The Valley of Unrest op Wikisource
Kategory:Literêr wurk fan Edgar Allan Poe Kategory:Ingelsktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1831 Kategory:Fryske oersetting
en:Poems by Edgar Allan Poe#The Valley of Unrest (1831)