Redbad H. Veenbaas (Weidum, 1948) is in Frysk ûnderwizer, universitêr ûndersiker en oersetter.Lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar
Biografy Veenbaas wie fan 1976 ôf by de Frije Universiteit (VU) yn Amsterdam yn it wurk, benammen as ûndersiker en koördinator fan it Jeugdynstitút VU. Dêr hold er him dwaande mei ûndersyk op it mêd fan jongereinproblematyk, wolwêzenswurk rjochte op 'e jongerein en jongereinsoarch. Veenbaas ferdjippe him by útstek yn 'e ûnderfinings fan allochtoane jongerein yn Nederlân.
Fan 2007 oant en mei 2013 wurke er as universitêr dosint by it Sintrum foar Islamityske Teology (CIT) fan 'e Frije Universiteit, wêrby't syn oandacht op 'e nij benammen útgie nei swierrichheden fan 'e jongerein. Fan 2014 ôf wied er mei-begelieder fan bachelor- en masterskripsjes by it CIT.
Dêrnjonken die Veenbaas ûndersyk nei it dichterskip fan 'e Heliand ("Heilân"), in Midsiuwske evangeeljeharmony yn it Aldsaksysk, dêr't 5.983 regels yn stêfrymfersen fan oerlevere binne. Yn dat ramt besocht er bgl. út te sykjen oft de hypoteze, yn 1965 oppenearre troch Johannes Jacobus van Weringh, dat Bernlef de dichter fan dat wurk wie, mooglikerwize op wierheid berêste kin. Veenbaas skreau oer dy mooglikheid (dy't hy tige wierskynlik achte) it proefskrift Traditionele Zanger of Geleerde: Over de Dichter van de "Heliand", dêr't er yn maart 2026 op promovearre oan 'e Frije Universiteit.
Ek is Veenbaas út en troch aktyf as oersetter. Yn 2008 ferskynde ûnder de titel De Raven yn it tydskrift HJIR in fertaling fan syn hân fan it gedicht The Raven, fan 'e njoggentjinde-iuwske Amerikaanske skriuwer en dichter Edgar Allan Poe.Lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar
Veenbaas wennet yn Amstelfean, en sit yn it bestjoer fan it Feitsma Fûûns fwar it Frysk.List fan bestjoersleden fan it Feitsma Fûûns fwar it Frysk
Keppelings om utens Profyl fan Redbad Veenbaas op vu.nl
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Weidum Kategory:Persoan berne yn 1948