Foar Helen, yn it oarspronklike Ingelsk: To Helen, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It is in oade op Jane Stanard, de mem fan in jeugdfreon fan 'e dichter, en bestiet út trije kûpletten fan elts fiif fersregels. It waard foar it earst publisearre yn 1831, yn 'e bondel Poems, by Edgar A. Poe, en yn 1836 werprinte yn it tydskrift The Southern Literary Messenger. Yn 1845 beseach Poe it gedicht op 'e nij, en brocht er ferskate lytse en in pear gruttere feroarings oan. De grutste (en bekendste) dêrfan wie it feroarjen fan 'e regels "To the beauty of fair Greece, / and the grandeur of old Rome" ta "To the glory that was Greece, / and the grandeur that was Rome". De Fryske oersetting fan To Helen, fan Klaes Dykstra, datearret út 1949.
Ynhâld Yn it gedicht besjongt Poe de skientme fan "Helen", dêr't er mooglik mei ferwiisde nei Helena, de Grykske goadinne fan it ljocht, of, like wierskynlik, nei Helena fan Troaje, wa har skientme oft neffens Homêros ommers de úteinlike oanlieding wie ta de njoggenjierrige Trojaanske Oarloch. Ek neamt er de najaden (of wetternimfen), en komt de namme Psyche op 't aljemint. Psyche wie in tsjeppe prinsesse dy't de minneresse fan 'e leafdesgod Kupido waard; de agate lamp ("agatene lampe") ferwiist nei it foarfal wêrby't Psyche úteinlik de wiere identiteit fan har frijer ûntdiek.
Tekst
oarspronklike tekst, út 1831 op 'e nij besjoene tekst, út 1845 Helen, thy beauty is to me Like those Nicean barks of yore, That gently, o'er a perfum'd sea, The weary way-worn wanderer bore To his own native shore.
On desperate seas long wont to roam, Thy hyacinth hair, thy classic face, Thy Naiad airs have brought me home To the beauty of fair Greece, And the grandeur of old Rome.
Lo! in that little window-niche How statue-like I see thee stand! The folded scroll within thy hand — A Psyche from the regions which Are Holy land!Helen, thy beauty is to me Like those Nicean barks of yore That gently, o'er a perfumed sea, The weary, way-worn wanderer bore To his own native shore.
On desperate seas long wont to roam, Thy hyacinth hair, thy classic face, Thy Naiad airs have brought me home To the glory that was Greece, And the grandeur that was Rome.
Lo, in yon brilliant window-niche How statue-like I see thee stand, The agate lamp within thy hand, Ah! Psyche, from the regions which Are Holy Land!
Fryske oersetting De Fryske oersetting fan To Helen ferskynde yn 1949 ûnder de titel Foar Helen yn it literêr tydskrift De Tsjerne. De fertaling wie fan 'e hân fan taalkundige Klaes Dykstra (1924-1997), dy't bygelyks ek it boek Dit Is it Jier, fan Frederick Feikema Manfred yn it Frysk oersette.
Kategory:Literêr wurk fan Edgar Allan Poe Kategory:Ingelsktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1831 Kategory:Fryske oersetting