Gerard Johannes Nicolaus de Korte (Vianen, 13 juny 1955) is in Nederlânsk Roomsk-katalyk geastlike. Hy wie fan 2001 oant 2008 help-biskop fan Utert en dêrnei biskop fan Grins-Ljouwert.
De Korte krige syn prysterwijing op 5 septimber 1987 troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert. Hy waard 11 april 2001 ta helpbiskop fan Utert beneamd en titulêr biskop fan Caesarea in Mauretania. 2 juni 2001 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Johannes Gerardus Maria Willebrands, aartsbiskop-emeritus fan Utert, en Johannes Antonius de Kok, helpbiskop fan Utert, as ko-konsekrators.
Op 18 juny 2008 folge De Korte Wim Eijk op as biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert en op 13 septimber 2008 yn 'e Sint-Joazefkatedraal ynstallearre.
Op 5 maart 2016 waard De Korte beneamd ta biskop fan De Bosk, dêr't er Antoon Hurkmans opfolge, dy't fanwegen syn sûnens mei emiraat gie.
Keppelings om utens Catholic Hierarchy bio
Kategory:Nederlânsk biskop Kategory:Roomsk-katolyk biskop Kategory:Persoan berne yn 1955