De Ruprecht-Karls-Universiteit (Ruprecht-Karls-Universität) yn Heidelberch, Baden-Wuertemberch, is de âldste universiteit yn it Dútslân fan no en ien fan de âldsten fan Jeropa.
Hy wie de tredde universiteit dy't stifte waard yn it Hillige Roomske Ryk, nei dy fan Praach en Wenen. Op 23 oktober 1385 krige Heidelberch fan Paus Urbanus VI it rjocht om in universiteit te stichtsjen. Sûnt de iepening yn 1386 troch de Paltsyske keurfoarst hie hja iuwenlang fjouwer fakulteiten: Genêskunde, Teology, Rjochten en Filosofy. Pas yn 1890 kamen Natuerwittenskippen derby as fyfde fakulteit. Hjoedendei hat de universiteit 12 fakulteiten.
Fakulteiten Teology Rjochten Filosofy Nije Filology Ekonomyske en Sosjale Wittenskippen Kultuerwittenskippen Wiskunde en Informatika Fysika en Astronomy Gemy en Geology Biology Genêskunde
Kategory:Universiteit yn Dútslân Kategory:Heidelberch Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1386