thumb|Alfred von Schlieffen yn 1890 Alfred Graf von Schlieffen (Berlyn, 28 febrewaris 1833 – dêre, 4 jannewaris 1913) wie in Dútsk militêr, it lêst fjildmaarskalk.

Hy wie in soan fan in Prusysk generaal-majoar, út in âld aadlik laach. Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Berlyn en sette earst letter út ein mei in militêre karriêre. As stêfoffisier die er mei oan was de Prusysk-Eastenrykske Oarloch fan 1866 en de Frânsk-Prusyske Oarloch fan 1870. Hy tsjinne totaal 53 jier. In 1868 boaske er mei syn nicht grevinne Anna Schlieffen. Sy krigen ien sûn bern, mar nei de berte fan harren twadee stoar Anna. Dêrnei lei er him folslein ta op it militêr-wêzen.

Schlieffen wie haad fan de Dútske Generale Stêf tusken 1891 en 1905. Yn dy perioade waard earst it Frânsk-Russyske ferdrach sletten yn in 1894 en tsien jier letter de Entente cordiale tusken Frankryk en Grut-Brittanje. Dútslân wie bang om ynsletten te wurden fan fijannige steaten (Einkreisung).

Schlieffen krige sadwaande opdracht om in oanfalsplan te ûntwerpen, wêrmei't Frankryk yn op syn meast seis wiken útskeakele wurde koe. Dat wie nammentlik de tiid dy't Ruslân nedich hie om it leger te mobilisearjen. Yn 't earstoan woe Schlieffen Frankryk de Fogezen oanfalle, mar letter betocht er dat it better wie om dat oer it neutrale Belgje te dwaan.

It Von Schlieffenplan wie klear yn 1905 en waard de basis fan de Dútske strategy by ít útbrekken fan de Earste Wrâldkriich.

Yn 1911 waard Schlieffen beneamd ta fjildmaarskalk.

Kategory:Dútsk militêr yn de Frânsk-Dútske Oarloch Kategory:Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Dútsk maarskalk Kategory:Dútsk publisist Kategory:Militêr strateech Kategory:Dútsk politikus Kategory:Dútske adel Kategory:Persoan berne yn 1833 Kategory:Persoan stoarn yn 1913