De Fryske Marren (offisjeel Frysk; Nederlânsk: De Friese Meren) is in gemeente yn it suden fan Fryslân. It haadplak en grutste plak fan De Fryske Marren is De Jouwer. Oare gruttere plakken binne Balk, De Lemmer en Sint-Nyk. Ek de stêd Sleat heart by de gemeente, dy't in oerflak fan likernôch 560 km² hat (wêrfan 198 km² oan wetter). De Fryske Marren hat ynwenners (, boarne: CBS).

Skiednis De Fryske Marren is ûntstien op 1 jannewaris 2014 troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. Ek it doarp Terherne is op dyselde deis, by it opdoeken fan 'e gemeente Boarnsterhim, by De Fryske Marren kommen te hearren. De plakken Haskerdiken en Nijbrêge binne lykwols fan it eardere Skarsterlân oergien nei de gemeente It Hearrenfean.

thumb|left|250px|Topografyske kaart fan gemeente De Fryske Marren.

Namme De namme ferwiist nei de Fryske marren. De Nederlânske ferzje fan dizze namme, De Friese Meren, waard brûkt as wurknamme en ynearten ek as offisjele gemeentenamme. De gemeenterie hat it foech om 'e namme fan in gemeente te feroarjen, dat de wurknamme wie net definityf. Tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezings is der in referindum holden. Bewenners mochten dêrby sels ek in namme yn tsjinje. Fan 'e ynwenners keas 42,4% foar de Nederlânske namme De Friese Meren, 41,6% foar de Fryske namme 'De Fryske Marren', 2,9% foar 'Marrelân' en 1,8% foar 'Sudergoa'.

Yn it koälysjeakkoard tusken FNP en CDA waard lykwols dochs besletten om foar de Fryske namme 'De Fryske Marren' te kiezen. De FNP wie by de gemeenteriedsferkiezings de grutste partij wurden en syn doel wie en kies foar in Fryske namme. Koälysjepartner CDA stimde dêrmei yn. De FNP ferdigenet syn stânpunt mei it argumint dat in mearderheid fan 'e befolking (53%) him yn it referindum útspriek foar in Fryske namme, wêrby't men de oare beide Fryske nammefoarstellen meirekkenet. Boppedat is de FNP de grutste partij wurden en stie dúdlik yn it partijprogram dat dy foar in Fryske namme wie.

De foarstelde nammeferoaring waard op 23 april 2014 troch de nij ynstelde gemeenterie bekrêftige mei 19 tsjin 12 stimmen en gie op 1 july 2015 yn. Der kaam wat opskuor tsjin de nammeferoaring. De benammen út ûndernimmers besteande stifting 'Vrienden van de Friese Meren'http://www.balkstercourant.nl/gemeentenieuws/19579/stichting-vrienden-van-de-friese-meren-in-actie-tegen-naamswijziging/ fierden noch in efterhoedegefjocht tsjin wat neffens harren sizzen jildfergriemen wie, mar krigen har sin net.

Plakken De gemeente De Fryske Marren telt 51 wenplakken. It haadplak is De Jouwer. De gemeente telt 1 stêd (Sleat), 3 flekken (Balk, De Jouwer en De Lemmer) en 47 doarpen. De Nederlânske plaknammen binne yn de gemeente de offisjele, mei útsûndering fan Terherne dy't earder part wie fan Boarnsterhim, dy't wol de Fryske nammen as offisjele hie.

Doarpen, flekken en stêd De folgjende doarpen flekken en stêd lizze yn de gemeente De Fryske Marren: +Fryske plaknammeNederlânske plaknammeOantal ynwennersAldegeaOudega295AldehaskeOudehaske1.855AldemardumOudemirdum1.380Alde OuwerOldeouwer80BakhuzenBakhuizen1.030BalkBalk4.340BantegeaBantega675BoarnsweachBoornzwaag95De BroekBroek285DikenDijken50DolsterhuzenDelfstrahuizen515DunegeaDoniaga85EagmarypAkmarijp115EalahuzenElahuizen355EasterseeOosterzee885FollegeaFollega185GoaiïngarypGoingarijp240HarichHarich520HaskerhoarneHaskerhorne535JiskenhuzenIdskenhuizen490JistergeaEesterga50De JouwerJoure12.970KolderwâldeKolderwolde40LangwarLangweer1.045LegemarLegemeer130De LemmerLemmer10.355MurnsMirns105NijehaskeNijehaske50NijemardumNijemirdum565OusterhauleOuwsterhaule360OusternijegeaOuwster-Nijega80ReahelRohel230RotstergaastRotstergaast180RiisRijs175RotsterhauleRotsterhaule590RottumRottum765RûgehuzenRuigahuizen110Sint-JânsgeaSint-Johannesga1.240Sint-NykSint-Nicolaasga3.335SkarsterbrêgeScharsterbrug785SleatSloten695SniksweachSnikzwaag65SondelSondel405Terherne -720TerkapleTerkaple225TeroeleTeroele25TsjerkgaastTjerkgaast350VegelinsoardVegelinsoord380WikelWijckel645YchtenEchten380YchtenbrêgeEchtenerbrug1.010 De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/.

Buorskippen De folgjende buorskippe lizze yn de gemeente De Fryske Marren: Ballingboer Bargebek Boarnsweach Brekkenpolder Delbuorren De Bels De Noed De Pôle De Rylst Finkebuorren Fjouwerhûs Frisbuorren Heide Heaburgen Hústerheide Kommisjepôle Nij Amearika Sânbuert Skoattersyl Skou Spannenburch Teakesyl Tropherne Unlân Westein Westerein Harich

Marren en puollen De folgjende marren en puollen lizze yn de gemeente De Fryske Marren: Aldewei Aldhôf Aldkarre Annewiel Bokkewiel Brandemar De Brekken Brijpot De Dollen De Fluezen Goaiïngarypster Puollen Gossepeallen Gravepuoltsje Grutte Brekken Haklânshop Hasker Wiid Hearregat De Hoarne De Holken Iselmar Jentsjemar Jiskenhúster Mar De Kûfurd Kâlde Mage Krúswetter Langsturtepoel Lytse Krús Lytse Wiid Nannewiid Langwarder Wielen De Oarden De Poel Ravenskolk Skarrewiel Sleattemer Mar Snitser Mar Sondeler Leien Terhernster Puollen Terkaplester Puollen Tsjûkemar Ulesprong Wide Rien De Wiel Wikeler Hop Et Wiede Wyldemerk Sânpoel Sânwetter Swettepoel It Swin Sâltpoel

De Fluezen, Goaiïngarypster Puollen, Grutte Brekken, De Holken, De Kûfurd, Langwarder Wielen, Aldhôf, Sleattemermar, Snitser Mar en Tsjûkemar hearre by de Fryske marren. Kanalen en sleatten Akkrumer Rak Bakhúster Feart Bânsleat Broeresleat of Fjouwerhúster Feart It Deel Dyksleat De Ie Easterbûtengrêft Engelenfeart Fammensrakken Feanskieding Follegeasleat De Geau Giterske Feart Hearrenfeanster Kanaal Hearresleat Jaansleat Jouster Feartsje Jouster Sylroede Klynsmafeart Koaisleat Langwarder Feart Lemster Rien Lemster Feart De Luts Middenfeart (Aldehaske) Middenfeart (Dolsterhuzen) Middenfeart (Ychten) Mûntsjerak Noardbroekster Feart Noarder Alde Wei Otterweifeart Pier Christiaanssleat Prinses Margrietkanaal Ryster Feart Rintsjegrêft Sylroede Sint-Nykster Feart Skarster Rien Skipsleat Sleattemer Gat Sminkefeart Spoekhoekster Feart Streamkanaal De Tsjonger of De Kuunder Van Swinderenfeart Wytikkersfeart Wâldsleat Worstsloot

It besjen wurdich It Yr. D.F. Woudagemaal op De Lemmer stiet op de list fan wrâlderfgoed fan UNESCO. Ryksmonuminten top 3: Sleat (50 monumenten), Balk (33 monuminten) en De Lemmer (29 monuminten). Rysterbosk by Riis yn Gasterlân. Lemsterslûs op De Lemmer.

Kultuer List fan ryksmonuminten yn De Fryske Marren List fan bylden yn De Fryske Marren

Wapens en flaggen

Wapens

Flaggen

Polityk De gemeenteried fan De Fryske Marren bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018: partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27. ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.% sitten%sitten CDA 23,8 8 18,8 6 FNP 20,0 7 20,5 7 VVD 12,7 4 11,0 4 PvdA 12,3 4 9,1 3 GrienLinks 8,5 2 8,0 2 D66 7,1 2 4,5 1 NCPN 6,3 2 4,9 1 KristenUny 5,6 1 4,1 1 BFM 3,7 1 5,5 2 KFM - - 9,5 3 FvD - - 4,1 1 ûnjildich & blanko 0,6 0,3 opkomst/totaal sitten 57,5% 31 57,7% 31

Gemeenteliet Yn septimber 2014 waard it gemeenteliet wrâldkundich makke. Skriuwer is Sieger Bijsterveld fan De Jouwer.

It is it lân dêr't ik grutsk op bin, fan wetter bosk en greide. It binn' ús eigen Fryske Marren, it lân fan myn hert. It is it plakje yn ús Fryslân, it binn' De Fryske Marren! It is it folk dêr't ik grutsk op bin, de frjemden en de freonen, bewenners fan De Fryske Marren, it folk fan myn hert. It binn' de minsken fan ús Fryslân, en fan De Fryske Marren. Bewenners fan De Fryske Marren, it folk fan myn hert. It is it plakje yn ús Fryslân, it binn' De Fryske Marren.

Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2014