Lofthaven Skiphol is de grutste lofthaven fan Nederlân. Nei Londen Heathrow, Parys-Charles de Gaulle, Frankfurt am Main en Istanbûl Atatürk is it de fyfde drokste lofthaven fan Jeropa. Skiphol leit yn 'e gemeente Haarlimmermar, sa'n 15 kilometer besúdwesten Amsterdam.

Skiphol is de thúshaven fan 'e Nederlânske loftfeartmaatskippijen Arke, Corendon Dutch, KLM, KLM Cityhopper, Martinair Cargo en Transavia. Fierders is it in hub fan 'e bûtenlânske loftfeartmaatskippijen Delta Air Lines, easyJet en Vueling. De lofthaven leit inkelde meters ûnder seenivo en hat seis start- en lâningsbanen. Op it plak dêr't Skiphol no leit, hat earder it doarp Ryk lein. De namme "Skiphol" wurdt ek brûkt as plaknamme, krekt as Skiphol-East en Skiphol-Ryk.

De lofthaven is eigendom fan 'e Skiphol-Groep (formele namme: "N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders de Nederlânske Steat, gemeente Amsterdam en gemeente Rotterdam.

Tal passazjiers en fleanbewegings Jier Passazjiers 1920 440 1928 10.793 1936 91.793 1938 > 100.000 1950 ± 350.000 1959 > 1.000.000 1960 < 1.400.000 1967 3.263.342 1970 > 5.000.000 1979 > 10.000.000 1988 Schiphol regio en ruimtelijke kwaliteit: synopsis, Ministearje fan VROM± 14.664.000 1989 > 15.000.000 Jier Passazjiers 1990 ± 16.000.000 1991 gjin gegevens 1992 19.145.064 1993 21.274.269 1994 23.559.798 1995 25.355.001 1996 27.794.881 1997 31.569.977 1998 34.420.143 1999 36.772.015 Jier Passazjiers 2000 39.606.925 2001 39.531.123 2002 40.736.009 2003 39.960.400 2004 42.541.180 2005 44.163.098 2006 46.066.050 2007 47.794.994 2008 47.430.019 2009 43.570.370 Jier Passazjiers 2010 45.211.749 2011 49.755.252 2012 51.035.590 2013 52.569.200

Op Skiphol startte en lâne it folgjend tal fleanmasines:Schiphol: Feiten en Sifers. Ynformaasje oer ferskate jierren. Rieplachte op 8 april 2014. Jier Fleanbewegings 1940 1.649 1950 40.876 1960 89.560 1970 135.520 1980 185.836 1990 246.504 Jier Fleanbewegings 2000 432.483 2001 432.101 2002 417.120 2003 403.800 2004 418.613 2005 420.736 Jier Fleanbewegings 2006 440.153 2007 454.361 2008 446.629 2009 406.975 2010 402.375 2011 Verkeer & Vervoer cijfers; Schiphol Group437.082 Jier Fleantúchbewegings 2012 423.407 2013 425.565 2014 438.300

Keppelings om utens Offisjeel webstee: schiphol.nl SchipholTV.com

Skiphol Kategory:Amsterdam Kategory:Bouwurk út 1920