De Fillipustsjerke (Deensk: Filips Kirke) is in lutherske tsjerke yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen.

Skiednis thumb|left|De âlde en de nije Filippustsjerke op in ôfbyld út 1924 Mei de útwreiding fan de stêd waard op 19 oktober 1907 de nije Fillipusparochy stifte. De earste Fillipustsjerke wie in houten bouwurk, mar tusken 1924 en 1928 makke it houten gebou plak foar de stiennen tsjerke sa't dy der hjoeddedei noch stiet.

It gebou is in ûntwerp fan de Deenske arsjitekt Rasmus Rue (* 1863- † 1944), dy't it gebou yn de styl fan in Deenske doarpstsjerke bouwe liet. It mienskipshûs waard in 1928 oan de tsjerke fêstboud. thumb|left|Ynterieur Boppe de yngong fan de tsjerke is in reliëf ynlein mei in foarstelling fan Jezus mei Natanael en Fillipus. Dêrûnder stean de wurden út it evangeelje fan Jehannes 1:47: Filip siger: Kom og se! (oersetting: Fillipus sei: Kom en sjoch!).

Yn 'e tsjerke is plak foar likernôch 450 leauwigen.

Keppeling om utens Side fan de Filippustsjerke

Kategory:Bouwurk yn Kopenhagen Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Kopenhagen (Deenske Folkstsjerke) Kategory:Bouwurk út 1907 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1924 Kategory:Bouwurk út 1928