Albatros D.III 275px Rol Jachtfleanmasine Makker Albatros Flugzeugwerke Untwerper Robert Thelen Earste flecht 1916 Yn tsjinst 1917 Ut tsjinst tsjin 1918 Brûkers Dútslân, Eastenryk-Hongarije Tal makke 1350 (1916-17) thumb|300px|Poalske tastellen fan it 7e Kościuszko Skwadron De Albatros D.III wie in ienpersoans dûbeldekkerske jachtfleanmasine út de Earste Wrâldoarloch, dy't brûkt waard troch de loftmachten fan Dútslân, Eastenryk-Hongarije en it Turksk-Osmaanske Ryk, makke troch de Albatros-Flugzeugwerke. Hy waard desimber 1916 yntrodusearre. In protte azen fan de Dútske loftmacht hawwe dit tastel flein, ûnder oaren Manfred von Richthofen, Eric Lowenhardt, Kurt Wolfe en Karl Emil Schaeffer. By de Eastenryksk-Hongaarske loftmacht, dêr Oeffag D.III neamd, behelle Frank Linke-Crawford syn oerwinnings mei in Albatros D.III.
Untwerp en produksje Robert Thelen en Dipl.-Ing. Schubert ûntwurpen de D.III. Foar de oandriuwing waard in seis-silinder, 119 kW Mercedes D.III motor brûkt, wêrmei't it tastel in topsnelheid fan 165 km/o helle. Letter waarden de tastellen opwurdearre mei in 127 kW motor. Mei de "Spandau" mitrailleurs koe troch de draaiende propeller sketten wurde sûnder se te reitsjen. Om reden dat de romp fan de Albatros D.I en D.II sa goed foldie waard deselde foar de D.III brûkte. De fleugels waarden in bytsje yn in "V"-foarm set, dêrom neamden de Britten dit type ek wol de "V-strutter". De D.III hie bettere klimeigenskippen, wie mear manûvrearber as de eardere types en de piloat hie better sicht nei ûnderen. It tastel wie noflik en maklik te fleanen, mar wie yn dûkflecht net feilich. Ek de opfolger fan de D.III, de D.V blykte noch itselde euvel te hawwen. Totaal binne der sa'n 1350 D.III's makke.
De Albatros D.III ferlike Namme Motorfermogen Maks. faasje Startgewicht MG Plafond Airco D.H.2 100 hk 150 km/o 654 kg 1 4.265 m Royal Aircraft Factory F.E.8 110 hk 151 km/o 668 kg 1 4.420 m Albatros D.III 160 hk 165 km/o 888 kg 2 5.500 m Sopwith Pup 100 hk 171 km/o 556 kg 1 5.600 m Nieuport 17 110 hk 164 km/o 560 kg 1 5.350 m Sopwith Triplane 130 hk 186 km/o 643 kg 1 6.080 m SPAD S.VII 180 hk 180 km/o 755 kg 1 5.485 m
Technyske feiten
FeitenSpanwiidte: 9,05 mLangte: 7,33 mHichte: 2,98 mFleugeloerflak: 20,50 m²Gewicht leech: 661 kgMaks. startgewicht: 886 kgMotor: ien wetterkuolle 6-silinder-linemotor, Mercedes D IIIa (127/130 kW / 170/175 hk)Mannichte brânstof: 119 lMannichte oalje: 20,5 lBewapening: twa fêste 7,92-mm-LMG 08/15 Heechste faasje: 165 km/o op seenivo Tsjinstplafond: 5.500 m Steigzeit auf 1.000m: 3 Min 18 Sek Klimfaasje nei 2.000m: 12 min 1 sek Klimfaasje nei 5.000m: 28 min 48 sekMaks. fleanberik: 330 kmFleantiid: 2:00oTal makke: 1.352Bemanning 1
Keppelings om utens Feiten oer de foargongers DI en DII
Kategory:Dútske jachtfleanmasine Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1916