thumb|left|250px|Alberto Santos-Dumont mei de Demoiselle

Alberto Santos-Dumont (Cabangu (Minas Gerais), 20 july 1873 – Guarujá (São Paulo, 23 july 1932) wie in Frânsk-Brazyljaansk loftfeartpionier, erfgenamd fan in begoedige famylje fan kofjeplanters. Hy wie de earste yn Jeropa dy't yn in tastel swierder as lucht fleach.

Loftballonnen en loftskippen Santos-Dumont krige bot niget oan fleanen doe't er 1888 foar 't earst in loftballon seach yn São Paulo. Om reden fan syn stúdzje ferhuze er nei Parys en yn july 1898 fleach er in syn earste loftballon, de Brazil. Omdat loftballonnen net bestjoerd wurde koenen, sette er útein mei de bou fan in loftskip. Dat mislearre in pear kear, mar letter slagge it him en meitsje in flecht fan tritich minuten. Mei N° 6 fleach er op 19 oktober 1901 om de Eiffeltoer.

Fleanmasines Doe't er hearde dat de bruorren Wright in flecht makke hiene mei in tastel swierder as loft, waard dat syn nije fassinaasje. Op 23 oktober 1906 makke er yn it Bagatelle Park yn Neuilly de earste flecht, dêr't in mannichte minsken op ôf kaam wie. Op 12 novimber 1906 bruts er it wrâldrekord mei in flecht fan 220 meter. Dêrnei ûntwurp er in fleantúch dat sa licht en lyts wie dat it mei de auto ferfierd wurde koe, de Demoiselle.

De ein Yn dy snuorje waard de sykte multiple sklerose by him fêststeld. Hy luts him tebek en ferfear nei syn heitelân Brazylje, dêr't er himsels op 23 july 1932 te koart die. It wêrom is net dúdlik.

Yn Brazylje is er in held, de 'heit fan de fleanderij'. De stêd Santos Dumont, de lofthaven Santos-Dumont yn Rio de Janeiro en in snelwei binne nei him ferneamd.

Syn hûs yn it simmerferbliuw fan de keizers fan Brazylje, Petrópolis, is no in lyts museum.

Ferskaat De Nederlânske skriuwer Arthur Japin hat in histoaryske roman mei Santo-Dumont as haadpersonaazje skreaun, De gevleugelde (2015).

Keppelings om utens pilotundluftschiff.de Foto's en feiten oer de persoan en de loftskippen picturehistory.com Koarte biografy

Kategory:Brazyljaansk loftfeartpionier Kategory:Brazyljaansk útfiner Kategory:Brazyljaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Brazyljaansk persoan fan Portegeesk komôf Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Persoan berne yn 1873 Kategory:Persoan stoarn yn 1932