Jan Ligthart (Steenbergen, 1962) is in Nederlânsk akteur, sjoernalist en skriuwer.

Ligthart spile de haadrol yn de tillefyzjerige Merijntje Gijzen's jeugd (VARA, 1974). Nei Merijntje Gijzen hat er net wer aktearwurk dien. Hy waard sjoernalist by ûnder mear it Mids-Brabantske deiblêd Nieuwsblad van het Zuiden en letter by it Eindhovens Dagblad. As freelancer wie er in tal jierren korrespondint yn Austraalje foar de VNU-deibllêden, it NOS Sjoernaal, De Telegraaf, Elsevier en Flaamske media. Desimber 2005 ferskynde fan syn hân it boek "Boemerangs en Bromvliegen", in petret fan Australië (by útjouwerij BZZTôH).

Sûnt maaie 2004 is Ligthart einredakteur bûtenlân by De Telegraaf.

Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk ferslachjouwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1962