Sir Frederick Henry Royce, 1ste baronet fan Seaton (Alwalton, 27 maart 1863 - West Wittering, 22 april 1933) wie in Britsk yngenieur en autoûntwerper. Mei Charles Rolls (1877 – 1910) en Claude Johnson (1864 – 1926) wie er de oprjochter fan Rolls-Royce Limited.

Rolls-Royce rjochte him ynearsten op de produksje fan grutte auto's mei in fermogen fan 40-50 hk, de Silver Ghost en syn opfolgers. Royce produsearre syn earste fleantúchmotor, de Rolls-Royce Eagle, koart nei it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch; fleantúchmotors waarden it wichtichste produkt fan Rolls-Royce.

Doe't Royce syn sûnens yn 1911 minder waard, waard er oerhelle om syn fabryk yn Derby yn de Midlands te ferlitten en mei in team ûntwerpers nei Súd-Ingelân te ferhúzjen. Winterdeis brocht er troch yn Súd-Frankryk. Hy ferstoar yn syn hûs yn Sussex yn de maitiid fan 1933.

Kategory:Ingelsk ûndernimmer Kategory:Ingelsk yngenieur Kategory:Ingelske adel Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1933