Rocco Siffredi, echte namme: Rocco Antonio Tano (Ortona, 4 maaie 1964), is in Italjaansk model, neakenmodel, pornografysk akteur, pornoregisseur, pornografyprodusint en mainstream-akteur, waans namme ek wol (mis)stavere wurdt as Rocco Siffedi, Rocco Sifferdi, Rocco Sifredi, Rocky Siffreddy en Roco Siffredi, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Robbo Siffredi of Beverley, Rocco Lorenz, Ginger Rocco en Dario. Hy ûntliende syn artystenamme oan it personaazje Roch Siffredi, dat spile waard troch de akteur Alain Delon, yn 'e Frânske misdiefilm Borsalino (1970). Syn bynamme is The Italian Stallion (de "Italjaanske Dekhynst").

Libben Jonkheid Siffredi waard yn 1964 berne yn it Italjaanske Ortona, yn 'e regio Abrúzzen. Mei santjin jier joech er syn oplieding oan in technyske hegeskoalle deroan, en ferfear er nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er as ober yn it restaurant fan syn broer wurke. Hy rekke foar it earst by de pornoyndustry belutsen doe't er yn 1984 yn in Paryske seksklub Gabriel Pontello mette, de haadredakteur fan it pornoblêd Supersex Magazine. Dyselde brocht him yn 'e kunde mei de Frânske pornoprodusint Marc Dorcel en pornoregisseur Michel Ricaud, dy't Siffredi yn 1987 syn earste rol yn in pornografyske film joegen, yn Attention, Fillettes... ("Attinsje, famkes..."). Dêrnei seid er de pornoyndustry foarearst farwol, en wurke er twa jier as model.

Pornokarriêre Yn 1989 kearde Siffredi mei help fan 'e Poalsk-Dútske pornoaktrise Teresa Orlowski werom yn 'e pornoyndustry. Neitiid spile er sawol yn pornofilms mei in plot (feature films) as út 'e losse hân wei filme, "spontane", reality-eftige produksjes (gonzo), wêryn't er seks bedreau dy't útinoar rûn fan gewoantsjes oant ekstreem. Fanwegen syn atletyske uterlik en syn grutte penis krige er al rillegau in grutte kliber fans. In grut diel fan dy fans bestie (en bestiet noch) út homo's, ek al hat Siffredi nea meiwurke oan homoseksuële pornografy. Wol posearre er yn desimber 1990 foar it neakenblêd Playgirl, dat him foar in grut part op it homoseksuële segmint fan 'e merk rjochtet.

Siffredi wurke jierrenlang gear mei de Amerikaanske akteur/regisseur/produsint John Stagliano, better bekend as "Buttman", de oprjochter fan Evil Angel, ien fan 'e grutste en ynfloedrykste pornostudio's fan 'e wrâld. Letter rjochte er syn eigen label Rocco Siffredi Produzioni op, wêrfan't it eigentlike produksjebedriuw yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest fêstige wie. Dêrfoar wied er net inkeld as akteur, mar fan 1993 ôf ek as regisseur wurksum. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Siffredi ein 2013 yn 552 pornofilms spile, wylst er der 273 regissearre hie. Syn skaaimerk wie dêrby de ekstremere films, mei anale en rûge seks (spuie, hierlûke, smoarseks, slaan, spanking, yrrumasio en anilingus). Gauris rint de seks yn syn films út op sado-masogisme of eroatyske fernederings, wêrby't de manlike akteur (yn 'e regel hysels) faker al as net dejinge is dy't dominearre of fernedere wurdt. Inkeldris hat er folslein de ûnderhearrige spile, yn films as Rocco More than Ever in London 2, Animal Trainer 11 en Marquis de Sade; yn dy lêste film ferskynde er sels as travestyt.

Troch himsels kwetsber op te stellen, kriget er syn tsjinspylsters fierder mei as wannear't er sels de dominante posysje ynnommen hie. De Amerikaanske aktrise Bobbi Starr sei dêroer: "Elts fanke yn 'e yndustry dat mei him wurke hat [...], sil sizze dat se mei him dingen dien hat, dy't se nea mei in oar dien hawwe soe." Ien fan Siffredi syn meast beruchte sênes wie dy mei Sidony Lamour, yn Sandy Insatiable, út 1995, wêrby't er har holle yn in trochspielende wc treau wylst er anale seks mei har bedreau. Yn Rocco Ravishes L.A., út 2009, helle Siffredi oantinkens op oer de produksje fan dy sêne, dy't neffens him sawol spontaan as mei ûnderling goedfinen plakfûn, wêrnei't er him nochris oerdie mei in optwingerige Bobbi Starr.

Njonken syn ferneamde gonzo-films is Siffredi ek bekend wurden mei de feature film út 1995 Tarzan X: Shame of Jane (oarspronklik titele Jungle Heat). Dêryn spile er de rol fan Tarzan njonken in Jane dy't fertolke waard troch syn frou Rosa Caracciolo, en liet er sjen dat er ek echt aktearje kin. Siffredi stiet fierders bekend om ferskate langjierrige gearwurkings, lykas syn rige fan teskroeiende sênes mei de Britske aktrise Kelly Stafford, syn globetrotterij en mienskiplike produksjes mei John Stagliano, en syn bân mei de Spaanske akteur Nacho Vidal, foar wa't er de mentor spile.

Yn juny 2004 kundige Siffredi oan dat er tenei allinne noch mar as regisseur en produsint wurkje soe. As reden dêrfoar joech er dat syn soannen grutter waarden, en no sa stadichoan gjin genoegen mear namen mei "Heit giet nei syn wurk ta," mar persiis witte woene hoe en wat. Kollega-regisseur Axel Braun sei oer Siffredi syn karriêre: "It probleem is dat er al jierren besiket om ien te finen dy't him "opfolgje" kin, mar dat is noch net sa maklik. Hy miende dat er dy opfolger fûn hie yn Nacho Vidal, mar doe socht Nacho syn eigen wei." Nei fiif jier fan frustraasje en teloarstelling oer de manlike akteurs dêr't er mei wurkje moast, makke Siffredi yn 2009, mei 45 jier, in comeback as pornoakteur.

Mainstream-karriêre Yn 1999 spile Siffredi mei yn 'e kontroversjele Frânske mainstream-film Romance X, fan regisseur Catherine Breillat. Fjouwer jier letter, yn 2003, wurke er nochris mei oan ien fan har films, Anatomie de l'Enfer. Dêryn fertolke er in rol dy't Breillat spesjaal foar him skreaun hie, nammentlik dy fan in homoseksuële man dy't yn in heteroseksuële relaasje behelle rekket. Beide films omfetsje seksuële sênes dy't net simulearre binne, al wurdt fansels lang net alles sjen litten, mei't it gjin porno is. It is in striidkwestje oft Siffredi yn Romance X wiere mienskip hie mei syn tsjinspylster, maintstream-aktrise Caroline Ducey (sy seit fan nee, Sifredi seit fan ja).

Fierders is Siffredi ek ferskate kearen op 'e Italjaanske tillefyzje kommen yn net-pornografyske rollen. Sa hat er in reklamespotsje opnommen foar Amica Chips, in snack, wêroer't grutte kontroverse ûntstie. En mei syn frou Rosa Caracciolo ferskynde er yn in spotsje foar 48248, in sms-tsjinst. Fierders naam er sûnder erch diel oan in ôflevering fan it ferburgen-kameraprogramma Scherzi a Parte, wêryn't er it slachtoffer fan in grap waard.

Priveelibben Yn 1993 mette Siffredi yn it Frânske Cannes de Hongaarske pornoaktrise Rosa Caracciolo (echte namme: Rózsa Tassi), mei wa't er datselde jiers noch troude. Yn 1995 spile er mei har yn 'e film Tarzan X: Shame of Jane. Hja hawwe twa soannen, Lorenzo (1996) en Leonardo (1999). Om syn bern naam er yn 2004 it beslút om op te hâlden mei te wurkjen as pornoakteur. Doe't er dêr yn 2009 wer op 'e nij mei begûn, fertelde er: "Ik haw it der mei de frou oer hân, en sy seit dat it inkeld myn probleem is, it giet har en de jonges neat oan. En se sei: 'Do hast sels besletten om op te hâlden, dat ha wy nea fan dy frege. Dus ast wer begjinne wolst, doch dat dan.' "

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn1992AVN Awardwûnbêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Silver Forest)Buttman's European Vacationwûnbêste groepsekssêne (fideo) (mei Silver Forest en Zara Whites)Buttman's European Vacation1993AVN Awardwûnmanlike artyst fan it jiern.f.t.1994AVN Awardwûnbêste groepsekssêne (film) (mei Francesca Le, Tiffany Million, Lacy Rose, Crystal Wilder en Jon Dough)New Wave Hookers IIIXRCO Awardwûnbêste sekssêne mei in pearke (mei Crystal Wilder)New Wave Hookers III1995Hot d'Orwûnbêste nije regisseurn.f.t.XRCO Awardwûnbêste groepsekssêne (mei Stephanie Hart-Rogers, Janey Lamb en Joey Silvera)Buttman's British Moderately Bit Tit Adventure1996AVN Awardwûnmanlike artyst fan it jiern.f.t.XRCO Awardwûnbêste m/f sekssêne (mei Careena Collins)Kink1997AVN Awardwûnbêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Jenna Jameson)Jenna Loves Roccowûnbêste groepsekssêne (fideo) (mei Christi Lake, Ruby en John Stagliano)Bend Over Babes 4wûnbêste anale sekssêne (fideo) (mei Danielle Louise Kelson en Laura Turner)Bend Over Babes 41999AVN Awardwûnbêste regisseurRocco Never Dies, Rocco Never Dies II2000AVN Awardwûnbêste sekssêne yn in bûtenlânske publikaasje (mei Kelly Stafford, Alba Del Monte en Nacho Vidal)When Rocco Meats Kelly 2: In Barcelonawûnbêste searje mei anale seks as temade Rocco's True Anal Stories-rigeHot d'Orwûnbêste Jeropeeske publikaasje yn 'e Feriene SteatenWhen Rocco Meats Kelly 2: In Barcelona2001AVN Awardwûnbêste searje mei anale seks as temade Rocco's True Anal Stories-rigeXRCO AwardynhuldigeXRCO Hall of Famen.f.t.2002AVN Awardwûnbêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Kelly Stafford)Way to LoveynhuldigeAVN Hall of Famen.f.t.2003AVN Awardwûnbêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 9 oaren)The Ass Collectorwûnbêste orale sekssêne (film) (mei Belladonna)The Fashionistaswûnbêste groepsekssêne (film) (mei Friday, Taylor St. Clair en Sharon Wild)The Fashionistaswûnbêste anale sekssêne (film) (mei Kate Frost)The Fashionistaswûnmanlike artyst fan it jiern.f.t.wûnbêste regisseur (fideo)The Ass CollectorVenus Awardwûnbêste akteur (Jeropa)n.f.t.XRCO Awardwûnbêste f/m sekssêne (mei Taylor St. Clair)The Fashionistaswûnbêste groepsekssêne (film) (mei Friday, Taylor St. Clair en Sharon Wild)The Fashionistaswûnbêste akteurThe Fashionistas2005AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Jewel De'Nyle)Rocco: Animal Trainer 152006AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Monique Alexander)Lexie and Monique Love Rocco |- |nominearre |bêste groepsekssêne (fideo) (mei Monique Alexander, Mandy Bright, Vanessa Lane, Lexi Marie, Steven St. Croix en Emmanuel Delcour) |Lexie and Monique Love Rocco|- |nominearre |bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Angelica Costello) |Who Fucked Rocco?|- |wûn |bêste regisseur (bûtenlânske publikaasje) |Who Fucked Rocco?|- |rowspan="10"|2007 |rowspan="7"|AVN Award|nominearre |bêste keppeling yn in sekssêne (mei Janine Lindemulder) |Emperor|- |nominearre |bêste orale sekssêne (film) (mei Janine Lindemulder) |Emperor|- |nominearre |bêste groepsekssêne (film) (mei Cristina Bella, Veronica Carso, Black Diamond, Mya Diamond, Leslie Taylor en Lauro Giotto) |Emperor|- |nominearre |bêste anale sekssêne (film) (mei Tawny Roberts) |Emperor|- |nominearre |bêste akteur (film) |Emperor|- |nominearre |bêste akteur (fideo) |Fashionistas Safado: The Challenge|- |wûn |bêste groepsekssêne (mei 19 oaren, wêrûnder Belladonna, Melissa Lauren, Jenna Haze, Gianna Michaels, Flower Tucci, Sandra Romain, Sasha Grey en Caroline Pierce) |Fashionistas Safado: The Challenge|- |rowspan="3"|XRCO Award|nominearre |bêste inkele optreden (akteur) |Fashionistas Safado: The Challenge|- |nominearre |bêste inkele optreden (akteur) |Emperor|- |wûn |bêste gearwurking op skerm (mei Jenna Haze en Gianna Michaels) |Fashionistas Safado: The Challenge|- |rowspan="3"|2008 |rowspan="3"|AVN Award|nominearre |bêste akteur (fideo) |Fashionistas Safado: Berlin|- |wûn |bêste triosekssêne f/f/m (mei Katsuni en Melissa Lauren) |Fashionistas Safado: Berlin|- |wûn |bêste groepsekssêne (fideo) (mei Annette Schwarz, Sintia Stone, Judith Fox en Vanessa Hill) |Fashionistas Safado: Berlin|- |2009 |AVN Award|wûn |manlike artyst fan it jier |n.f.t. |- |rowspan="3"|2010 |rowspan="3"|AVN Award|nominearre |bêste anale sekssêne (mei Kristina Rose) |Rocco Ravishes L.A.|- |nominearre |bêste groepsekssêne (mei Jamie Elle, Bobbi Starr en Toni Ribas) |Rocco Ravishes L.A.|- |nominearre |skandalichste sekssêne (mei Bobbi Starr, foar de sêne The Royal Flush) |Rocco Ravishes L.A.|- |rowspan="10"|2011 |rowspan="7"|AVN Award|nominearre |bêste sekssêne mei in pearke (mei Tori Black) |Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco|- |nominearre |bêste groepsekssêne (mei Carla Cox, Tarra White en Ian Scott) |Tori, Tarra and Bobbi Love Rocco|- |nominearre |skandalichste sekssêne (mei Shawna Lenee, Marie McCray, Natasha Nice en Christian Devil) |Rocco's Bitch Party 2|-