Eugène Ionesco, berne as: Eugen Ionescu (útspr.: [e.u'ʤen i.o'nesku]; Slatina (Roemeenje), 26 novimber 1909 – Parys (Frankryk), 28 maart 1994), wie in Roemeensk-Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, essayist, dichter en literatuerkritikus, dy't meast yn 'e Frânske taal skreau. Hoewol't er it bekendst waard mei syn toanielstikken, begûn er pas let mei dat sjenre. Ionesco stiet bekend om syn bespotlik meitsjen fan 'e banaalste sitewaasjes, en wurdt yn 'e Frânske literatuer rekkene ta de streaming fan it Théâtre de l'absurde ("Teäter fan it Absurde").
Libben Ionesco waard yn 1909 berne yn it Roemeenske Slatina, yn it suden fan 'e lânstreek Walachije, net fier fan 'e grins mei Bulgarije ôf. Guon boarnen neame 1912 as syn bertejier, mar dat is in flater dy't te witen is oan 'e idelheid fan Ionesco sels. Syn heit wie in Roemeen, dy't hearde ta de Roemeensk-Otterdokse Tsjerke; syn mem wie heal fan Frânsk komôf, en hearde foar de oare helte ta de Grykske minderheid yn Roemeenje. Hja wie fan hûs út protestantsk, mar Ionesco waard Roemeensk-otterdoks grutbrocht.
Hy brocht syn jonkheid foar in grut diel yn Frankryk troch, en hie dêr op jonge jierren in aparte ûnderfining dy't nei eigen sizzen syn libben feroare. Syn biografe Deborah B. Gaensbauer omskriuwt dat barren yn Eugene Ionesco Revisited sa: "Wylst er wat omkuiere yn 'e simmerske sinneskyn yn in wytkalke provinsjaal doarp ûnder in yntins blauwe loft, waard [Ionesco] yngeand feroare troch it ljocht." Hy waard tige ynienen rekke troch in gefoel fan trochkringende ljochtsjendheid, it gefoel dat er fan 'e grûn ôf omheech sweefde en in gefoel fan oerstjalpjend wolwêzen. Doe't er wer nei de grûn ta "sonk" en it "ljocht" him ferliet, besefte er dat de wrâld yn ferliking dêrmei yn en al ferfal, ferrotting en betsjuttingsleaze rûntsjedraaierij wie. Op dat stuit krong ek ta him troch dat eltsenien úteinlik stjerre moat. Ionesco yn hiele oeuvre is trochdrinzge fan dit foarfal en de gefolgen dy't it foar him hie. left|thumb|230px|It grêf fan Eugène Ionesco.
Ionesco kearde yn 1925 nei Roemeenje werom, nei't syn âldelju skieden wiene. Dêr gied er nei it Nasjonaal Kolleezje Sint-Sava en studearre er letter, fan 1928 oant 1933, Frânske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Boekarest. Under syn stúdzjetiid kaam er yn 'e kunde mei de filosoof en essayist Emil Cioran en de ferneamde godstsjinsthistoarikus en filosoof Mircea Eliade, mei wa't er syn hiele libben lang befreone bliuwe soe. Yn 1933 studearre er ôf mei it foech om Frânske les oan 'e middelbere skoalle te jaan. Yn 1936 troude er mei Rodica Burileanu (1910-2004), mei wa't er in dochter krige dêr't er in stikmannich ûnkonvinsjonele berneferhalen foar skreau.
Yn 1938 fêstige er him mei syn gesin yn Frankryk, dêr't er syn doktoraat behelje woe, mar doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch útbriek, gied er werom nei Roemeenje, tinkend dat dat lân bûten de oarloch bliuwe kinne soe. Doe't dat idele hope bliek, regele er mei help fan freonen reisdokuminten en sette er wer nei Frankryk ta, dêr't er fan 1942 oant 1944 mei syn gesin yn Marseille wenne. Nei de befrijing fan Parys ferfearen se dêrhinne.
Hoewol't er fierwei it bekendst wurden is as toanielskriuwer, wie Ionesco yn 't earstoan fral in dichter en literatuerkritikus. In opmerklik ier wurk fan sines is Viata Grotesca şi Tragica a lui Victor Hugo ("It Groteske en Tragyske Libben fan Victor Hugo"), in satiryske biografy út 1936, wêryn't Ionesco de spot dreau mei de status fan dy reus op it mêd fan 'e Frânske literatuer. Teffens wie it ien fan syn seldsume yn it Roemeensk skreaune wurken, mei't er foar syn literatuer meast de Frânske taal brûkte. Syn earste toanielstik, it ferneamde La Cantatrice Chauve (De Keale Sjongster), skreau Ionesco pas yn 1948 (it waard publisearre yn 1950), doe't er al krapoan fjirtich jier wie. Syn stikken wjergalmje syn jonkheidsûnderfining, en toane in ôfwearze foar de materiële wrâld, in mistrouwen foar kommunikaasje en it subtile gefoel dat der in bettere wrâld fûn wurde kin krekt oarekant ús eigen reäliteit. Syn personaazjes langje nei wat ûnberikbers, of wurde dy oare wrâld sa heal en heal gewaar mar kinne der krekt net by. Se leare te fleanen, krije ekstatyske iepenbierings fan skientme, reitsje deprimearre fan 'e wrâld sa't dy is, en beseffe de ûnûntkomberens fan 'e dea.
Yn 1970 waard Ionesco opnommen yn 'e Académie française, in prestizjeuze eare dy't net de earste de bêste ta diel falt. Fierders wûn er in grut tal prizen, wêrûnder de Prix Italia (1963); de Frânske Grand Prix National foar teäter (1970); de Monegaskyske Grand Prix (1969); de Eastenrykske Steatspriis foar Jeropeeske Literatuer (1970); en de Jeruzalimpriis (1973). Teffens waarden him earedoktoraten ferliend troch universiteiten yn New York, Leuven, Warwick en Tel Aviv. Ionesco stoar op 28 maart 1994, en waard begroeven op it Montparnasse-begraafplak yn Parys.
Wurk Toanielstikken 1950 - La Cantatrice Chauve 20px Fryske oersetting: De Keale Sjongeres (fert. Lambert H. Mulder, 1956) 20px Fryske oersetting: De Keale Sjongster (fert. Jikke de Haan, 1998) 1950 - Les Salutations 20px Fryske oersetting: Begroetingen (fert. Tryntsje van der Zee, 1983) 1951 - La Leçon 20px Fryske oersetting: De Les (fert. Pyt van der Zee, 1982) 1952 - Les Chaises 1953 - Le Maître 1953 - Victimes du Devoir 1953 - La Jeune Fille à Marier 1954 - Amédée ou Comment s'en Débarrasser 1955 - Jacques ou la Soumission 1955 - Le Nouveau Locataire 1955 - Le Tableau 1956 - L'Impromptu de l'Alma 1959 - Tueur sans Gages 1959 - Scène à Quatre 1959 - Rhinocéros 1960 - Apprendre à Marcher 1962 - Délire à Deux 1962 - L'Avenir Est dans les Œufs 1962 - Le Roi Se Meurt 1962 - La Photo du Colonel 1962 - La Colère 1963 - Le Piéton de l'Air 1964 - Exercices de Conversation et de Diction Française pour Étudiants Américains 1964 - La Soif et la Faim 1966 - La Lacune 1966 - L'Œuf Dur 1970 - Jeux de Massacre 1972 - Macbett 1973 - Ce Formidable Bordel! 1975 - L'Homme aux Valises 1980 - Voyage chez les Morts 19?? - Le Salon de l'Automobile 19?? - La Vase
Essaybondels 1966 - Notes et Contre-notes 1969 - Découvertes 1977 - Antidotes 1979 - Un Homme en Question 1986 - Non 1987 - La Quête Intermittente
Oar 1936 - Viata Grotesca și Tragica a lui Victor Hugo (satiryske biografy) 1962 - La Photo du Colonel (ferhalebondel) 1967 - Journal en Miettes (deiboekpassaazjes) 1968 - Présent Passé, Passé Présent (deiboekpassaazjes) 1973 - Le Solitaire (roman) 1981 - Le Blanc et le Noir (grafysk wurk) 1985 - Maximilien Kolbe (opera, op muzyk fan Dominique Probst)
Keppelings om utens Webstee wijd oan Eugène Ionesco
Kategory:Roemeensk romanskriuwer Kategory:Roemeensk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Roemeensk deiboekskriuwer Kategory:Roemeensk toanielskriuwer Kategory:Roemeensk essayist Kategory:Roemeensk dichter Kategory:Roemeensk skriuwer yn it Frânsk Kategory:Roemeensk literatuerkritikus Kategory:Frânsk romanskriuwer Kategory:Frânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frânsk deiboekskriuwer Kategory:Frânsk toanielskriuwer Kategory:Frânsk essayist Kategory:Frânsk dichter Kategory:Frânsk literatuerkritikus Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Roemeensk persoan fan Gryksk komôf Kategory:Roemeensk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Roemeensk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Gryksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1994