thumb|Wachters yn Klein-Ulsda (gemeente Reiderlân)

thumb|Pick-k-nicktafel yn Smeerling (gemeente Stedskanaal) Christiaan Garbrand (Chris) Verbeek (Winschoten, 10 novimber 1944) is in Nederlânsk byldhouwer.

Wurkpaad Verbeek folge fan 1964 oant 1968 plastysk-stâljaan oan de Akademy Minerva yn Grins; hy krige ûnderrjocht fan û.o. Karl Pelgrom en Johan Sterenberg. Verbeek wie 1969-1970 dosint tekenjen oan in mafû. Verbeek festige him as byldzjend keunstner yn Blijham yn east-Grinslân. Yn 2004 gie er út Nederlân wei en sette him nei wenjen yn Súd-Frankryk.

Verbeek wurket faak mei kortenstiel. In foarbyld dêrfan is it byld dat er yn 2000 makke ta oantins fan Ede Staal. It is in konyske pylder fan 9 meter heech, dy't rillegau de bynamme "de paal van Staal" krige.

Wurk (kar-út) Monument Ede Staal - Delfsyl (2000) Nagels - Emmeloard (1996) Zonnewijzer - Hoogezand (1994) Bankbeeld - Musselkanaal (1992/1993) Wachters - Klein-Ulsda (1991) Geknakt riet - Kielwindeweer (1990) Pick-k-nicktafel - Smeerling (1986) Zeilen - Scheemda, 't Waar en Termunterzijl (1986) 3 Dozen - Muntendam (1985) Cosmas en Damianus - Grins (1979) yn 'e mande mei Hans van Weerden

Sjoch ek List fan Nederlânske byldhouwers

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn 1944