Neukirchen (Noardfrysk: Naischöspel; Nederdútsk Niekarken; Deensk: Nykirke) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. De gemeente heart by it amt Südtondern en telt 1.156 ynwenners (2024).

Neukirchen is tige lanlik en njonken it haaddoarp Neukirchen bestiet de gemeente út in grut tal lytsere buorskippen en pleatsen. De bekendste dêrfan is Seebüll. Oare buorskippen en delsettings yn 'e gemeente binne Hesbüll, Beim Siel, Nordosterdeich en Süderdeich.

Skiednis en tsjerke Neukirchen waard yn 1231 foar it earst offisjeel neamd yn it Grûnboek fan Waldemar (it Waldemar-Erdbuch) as in tsjerkedoarp. De Sint-Jehannestsjerke (St.-Johannes-Kirche) waard flak foar dy tiid boud as in let-romaansk bakstiennen gebou en hat hjoed-de-dei noch jimmeroan in opmerklike ynventaris út de midsiuwen oant de barokke tiid.

It op terpen lizzende doarp bleau oant 1566 bûtendyksk lizzen. Sûnt it yndykjen fan 'e Gotteskoog yn 1566 krige it plak bliuwend beskerming tsjin 'e see.

Seebüll thumb|left|Hûs Seebüll Yn Seebüll, gemeente Neukirchen, wenne en wurke de ekspresjonistyske keunstskilder Emil Nolde in grut part fan syn libben. Seebüll wie earder in ferlitten warft. Nolde en de frou (Ada) kochten de terp yn 1923 en neamde dy Seebüll. Sy lieten dêr yn 1930 in wente mei atelier bouwe, dat nei syn ferstjerren it Noldemuseum waard.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934