thumb|Naomi Klein (2014). Naomi Klein (Montreal, 8 maaie 1970) is in Kanadeeske sjoernaliste, publisiste en aktiviste. Sy wennet yn Toronto mei har man Avi Lewis.

Biografy Klein komt út in Amerikaansk-joadske famylje mei in protte sosjalisten. Har pake wie marksist en fakbûnsaktivist. Klein har skriuwerskarriêre begûn mei bydragen oan The Varsity, in studinteblêd oan de Universiteit fan Toronto. Sy hat sein dat hja it feminisme ûntduts troch it Bloedbad oan de École Polytechnique dat Marc Lépine yn 1989 ûnder froulike yngenieursstudinten oanrjochte.

Yn 2000, in moanne nei't de gearkomst fan de WTO fan demonstraasjes yn Seattle lamlein waard, publisearre Klein it boek No Logo. Dat boek waard in manifest foar de Antiglobalisearringsbeweging. It boek hikkelet de negative ynfloed fan de op de merk rjochte konsumpsjekultuer troch it beskriuwen fan de operaasjes fan grutte bedriuwen dy't allinne mar besykje in merk te ferkeapjen. De produkten meitsje neffens har fan minsken in soarte fan libjende reklamepanelen. Wurknimmers út de earmste lannen wurde neffens Klein troch deselde bedriuwen faak útrûpele om harren winst te fergrutsjen. Klein rjochte har doe fral tsjin Nike. Dêrnei reagearre it bedriuw punt foar punt op Kein har krityk en lei sa in protte misbegryp bleat.[ https://web.archive.org/web/20010618162615/http://nikebiz.com/labor/nologo_let.shtml |archivedate= 2001-06-18]. Nike's response to No Logo, 2000-03-08. Nike

Klein publisearre 2002 Fences and Windows, in samling artikelen en taspraken foar de anti-globalisatiebeweging. Klein leveret ek bydragen oan The Nation, In These Times, The Globe and Mail, This Magazine, en The Guardian.

Naomi Klein kin as de Amerikaansk-Kanadeeske tsjinhingster fan de Europeesk-Britske aktiviste Noreena Hertz beskôge wurde.

Krityk Foarstanners fan globalisearring lykas Johan Norberg, Tyler Cowen, Fred Kaplan en John Willman binne fan betinken dat Klein meast de werklikheid net goed werjout en sa har stânpunten net goed ûnderboud.Johan Norberg vs. Naomi Klein and The Shock DoctrineBook Review The Shock Doctrine: The Rise of Disaster CapitalismThe profits of doomBlame Yeltsin

Publikaasjes yn 't Nederlânsk No logo : geen ruimte geen keuze geen werk : de strijd tegen de dwang van de wereldmerken, Lemniscaat, 2000, ISBN 9056373889 Dagboek van een activiste : van Seattle tot 11 september en daarna, Lemniscaat, 2002, ISBN 9789056374440 De shockdoctrine. De opkomst van rampenkapitalisme, De Geus, 2007, ISBN 9789044509182 No time: verander nu, voor het klimaat alles verandert, De Geus, 2014, ISBN 9789044533767 Brand! Een vurig pleidooi voor een nieuwe groene politiek, De Geus, septimber 2019, ISBN 9789044542257

Keppelings om utens Klein har offisjeel webstee No Logo-webstee De nieuwe Marx. Profiel: Naomi Klein. De Groene Amsterdammer, Sander Pleij, 10 maart 2001

Kategory:Kanadeesk sjoernalist Kategory:Kanadeesk publisist Kategory:Kanadeesk polityk skriuwer Kategory:Kanadeesk dokumintêremakker Kategory:Kanadeesk aktivist Kategory:Kanadeesk natoerbeskermer Kategory:Kanadeesk miljeu-aktivist Kategory:Kanadeesk sosjalist Kategory:Kanadeesk feminist Kategory:Kanadeesk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Amerikaansk-Joadsk komôf Kategory:Ingelsktalich Kebekaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1970