It feanbeiblaujurkje (Agriades optilete, syn. Plebeius optilete, Vacciniina optilete en Albulina optilete) is in flintersoarte yn it skaai fan de mansskyldblaujurkjes (Plebejus), dat ferneamd is nei de plant mansskyld of rotsjasmyn (Adrosace).
Foarkommen De soarte komt yn Nederlân allinnich noch foar yn Drinte en súdeastlik Grinslân. It is in honkfêste soarte. Se libje op it heechfean en it leafst mei bosk der omhinne. 230px|left|thumb|Pearjende feanbeiblaujurkjes.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By it mantsje is de boppekant fan de wjukken djip fioletblau. It wyfke is brún mei in ûndúdlike blauwe bestowing op de efterwjuk. Op de ûnderkant fan de efterwjuk is in opfallend oranje mei blau plak te sjen. Soksoarte plak komt allinnich foar by it feanbeiblaujurkje.
Fleantiid De flinter is te sjen fan begjin july ôf oant healwei augustus, foaral tusken 25 juny en 5 july. It feanbeiblaujurkje fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp De rûp groeit earst yn de simmer. Dan ite de rûpen blêden. De rûp oerwinteret ek tusken de blêden as in healwaaks rûp. Yn it foarjier gean de rûpen fierder mei iten mar dan ite se farske blomknoppen.
De rûp fret fan de feanbei, feanheide, glop en beikeheide.
Sjoch ek List fan flinters
Kategory:Flintersoarte Kategory:Reachwjukflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä