thumb|right|It Fyske Gea-logo op in bankje It Fryske Gea is in feriening foar natuerbeskerming yn Fryslân, ien fan de tolve provinsjale lânskippen fan Nederlân. De ferieniging hat likernôch 28.000 leden. De feriening beheart sa'n fyftich ferskate natuergebieten mei in gebiet fan likernôch 19.000 hektare yn de hiele provinsje. It Fryske Gea is oansletten by de oerkoepeljende stichting LandschappenNL.
Skiednis thumb|right|De Lânwar mei buordsje fan It Fryske Gea. Nei de Earste Wrâldkriich waard yn Fryslân in protte lân wûn. By guon Friezen kaam lykwols it besef op dat hjirtroch natuer foar altyd ferdwûn. Meint Wiegersma kaam yn 1929 mei it útstel in provinsjale natuerbeskermingsorganisaasje op te setten. Ek Natuermonuminten wie foarstanner fan in provinsjale oanpak: hja woenen it leafst in stifting, mar dy is der nea kaam. Op 22 febrewaris 1930 hie de oprjochting plak fan in feriening dy't fan bestjoerslid Dr. Jacob Botke de namme It Fryske Gea krige.
It earste natuergebiet dat it Fryske Gea yn syn besit krige wie De Lânwar, in Midsiuwsk ferdigeningswurk by Allardseach ûnder Bakkefean. De Lânwar is no opnommen yn natuergebiet it Mandefjild.
Gebieten De natuergebieten dêr't it Fryske Gea behearder fan is: Aeltsje- en Warkumermar De Alde Feanen Bancopolder De Bjirmen Blauhúster Puollen Bocht fan Molkwar Botmar of Sodumermar Buismans Einekoai Piaam en Dyksfearten Bûtenfjild Coehoornbosk of Wikelerbosk Delleboersterheide Diakonievene Dobben Hurdegarypsterwarren Dunepolder en Follegeasterpolder Eanjumer Kolken Easterskar Einekoaien Lytse Geast en Ketelermar Fluezen Grutte Wielen Huitebuersterbûtenpolder Ychtenerfeanpolder Joadetsjerkhôf Noardwâlde Joadetsjerkhôf Teakesyl Jongemastate Kapellepôle Ketliker Skar Koarnwertpolder en Makkumersúdmarpolder Liphústerheide Makkumerwaarden Mandefjild Bakkefean Martenastate Mokkebank Mûntsebuorsterpolder, De Ryp en Syp Set Noard-Fryslân Bûtendyks 't Oerd en de Hon Park Huzinge Olterterp Peazemerlannen Petgatten de Feanhoop Ringwiel en Hop Rengerspôle Rysterbosk Skiedingsboskje Skieppedobbe Slachtedyk Steile Bank Stokersdobbe Sudermarpolder Taconisbosk Teroelster Sipen Tsjongerwâlen Unlân fan Jelsma en Kobbelân Warkumerwaard ’t West, Meulereed en Meulebos Wilhelmina-oard
Keppeling om utens Webstee fan it Fryske Gea.
Kategory:Fryske natoerbeskermingsorganisaasje Kategory:Fryske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1930