Goasse Rinse Groustra (1 jannewaris 1917 – 1 jannewaris 1996) wie in Frysk learaar, freelance sjoernalist en oersetter, dy't benammen aktyf wie as leveransier fan fúljetons oan Frysktalige tydskriften. It bekendst is syn fertaling fan The Scarlet Pimpernel, fan baronesse Orczy, dy't fan 1953 oant 1955 ûnder de titel De Reade Pimpernel yn 'e tydskriften De Stim fan Fryslân en De Stiennen Man ferskynde, mar Groustra sette ek wurken oer fan û.o. Charles Dickens en sir Arthur Conan Doyle.
Keppellingen om utens Wurk fan groustra yn de DBNG Portret fan Groustra by Tresoar
Kategory:Frysk oersetter Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 1996