Jonkhear Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga (Ljouwert, 5 jannewaris 1869 - De Haach, 21 jannewaris 1946), gauris ôfkoarte ta jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, wie in Frysk abbekaat, boargemaster en oersetter.
Yn 1923 kaam fan him ûnder de titel Kening Oidipous: Treurspil fen Sophokles, by Brandenburgh, Boschma & Co. te Snits in fertaling út fan Sofoklês syn Aldgrykske trageedzje Οἰδίπους Τύραννος (Oidipous Tyrannos), dy't earder al ôfprinte wie yn it tydskrift It Heitelân. Yn 1940 brocht er fierders noch (ûnder deselde titel) in oersetting út fan 'e Latynske komeedzje Phormio, fan 'e Romeinske toanielskriuwer Terentius.
Hy wie in soan fan Idzerd Frans van Humalda van Eysinga (1843-1907) en wie ûnder oaren boargemaster fan Dimter.
Wurk 1923 – Kening Oidipous: Treurspil fen Sophokles (nei Oidipous Tyrannos, fan Sofoklês) 1940 – Phormio (nei Phormio, fan Terentius)
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Fryske adel Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1946