Harrison Ford (Chicago, 13 july 1942), is in Amerikaansk akteur en filmprodusint fan mingd Iersk, Dútsk en Wytrussysk-Joadsk komôf. Hy wie oarspronklik timmerman fan berop, mar briek yn 1977 troch mei de rol fan Han Solo yn 'e Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Neitiid fertolke er deselde rol op 'e nij yn 'e oare beide films út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, en ek wied er yn 'e titelrol te sjen yn 'e Indiana Jones-filmsearje. Oare ferneamde films dêr't Ford yn spile, wiene Blade Runner, Witness, The Fugitive, Clear and Present Danger, Sabrina, Air Force One, Random Hearts, K-19: The Widowmaker, Cowboys & Aliens en 42. Neffens The Top 100 Movie Stars of All Time, in ranglist dy't gearstald waard yn 2008, hiene Ford syn films yn 'e Feriene Steaten allinne al $3,5 miljard opbrocht, wat fan him de op twa nei bêst ferkeapjende Amerikaanske filmstjer fan alle tiden makket.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Ford waard yn 1942 berne yn it Swedish Covenant Hospital yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Syn heit, Christopher Ford (berne as John William Ford), wie in reklameman dy't earder om 'e nocht besocht hie en bou in karriêre as akteur op, en syn mem, Dora Nidelman, dy't har Dorothy neame liet, wie in húsfrou en earder harkspulaktrise. Ford groeide op yn in húshâlding mei ien jongere broer, Terence, mei wa't er trije jier skeelde. Oan heitekant wiene syn pake en beppe John Fitzgerald Ford en Florence Veronica Niehaus fan Iersk, resp. Dútsk komôf, wylst syn pake en beppe oan memmekant, Harry Nidelman en Anna Lifschutz, Joadske ymmigranten út 'e Wytrussyske haadstêd Minsk wei wiene. Yn ferskate fraachpetearen hat Ford oanjûn dat er net botte religieus grutbrocht is, en dat syn roomsk-Iersk en joadsk erfskip gjin grutte ynfloeden yn syn libben west hawwe.

As jonge wie Ford aktyf yn 'e paadfinerij, by de Boy Scouts of America, dêr't er de heechste rang berikte, dy fan life scout. Yn 1960 helle er syn diploma foar de middelbere skoalle yn Park Ridge, yn Illinois, dêr't er û.m. by de radiostjoerder fan 'e sskoalle belutsen wie en ek kommentaar joech oer in lûdsprekkersysteem by sportwedstriden fan 'e skoalteams. Dêrnei studearre er filosofy oan it Ripon Kolleezje te Ripon, yn Wisconsin, dêr't er ek toanielles folge om oer syn skrutenens hinne te kommen. Neffens eigen sizzen rekke er doe ûnferwachts fassinearre troch aktearjen.

Aktearkarriêre Iere jierren Nei't er yn 1964 in simmerseizoen yn Wisconsin by it toanielselskip de Belfry Players spile hie, ferfear Ford nei Los Angeles, yn Kalifornje, mei as doe om in aktearkarriêre nei te stribjen yn 'e filmyndustry fan Hollywood. De direkte oanlieding foar de ferhuzing wie dat er sollisitearje woe nei in baan foar voice-overs op 'e radio. Dy krige er net, mar dochs kearde er net werom nei Wisconsin. Uteinlik wist Ford in kontrakt foar $150 yn 'e wike te sluten fia in programma foar nij talint by de grutte filmstudio Columbia Pictures. Foar dat salaris spile er figuranterollen en oare lytse roltsjes yn films.

Ford syn ierst bekende ferskining op it wite doek wie in roltsje as pikkolo yn Dead Heat on a Merry-Go-Round, út 1966, dêr't er lykwols gjin fermelding op 'e ôftiteling foar krige. By de opnamen fan syn sêne yn dy film krige er in oanfarring mei filmprodusint Jerry Tokovsky, dy't ûntefreden wie oer syn aktearjen. Hy hold Ford foar dat as akteur Tony Curtis in pûde mei boadskippen besoarge, hy dat die as wied er in filmstjer; Ford fûn dat as er in pikkolo spile, hy him ek hâlde en drage moast as in pikkolo. Fan gefolgen kaam Ford ûnderoan 'e list mei figuranten te stean, en krige er de minste roltsjes taparte. Hokker oft dat krekt wiene, is net folle oer oerlevere.

Ien fan syn earste rollen wêrby't Ford tekst hie, wie dy fan in poerrazene automobilist yn Luv (1967), hoewol't er dêr likemin foar op 'e ôftiteling neamd waard. Sa'n fermelding krige er pas foar it earst yn 'e western A Time for Killing (1967), dêr't er "Harrison J. Ford" neamd waard. De "J." stie nearne foar, mei't Ford gjin middelnamme hat, mar waard tafoege om betizing foar te kommen mei in eardere akteur Harrison Ford, dy't tusken 1915 en 1932 yn mear as tachtich stomme films spile. Yn in letter fraachpetear murk Ford op dat er him folslein ûnbewust west hie fan it bestean fan syn nammegenoat oant er op in dei tafallich syn stjer op 'e Hollywood Walk of Fame tsjinkaam. Mei't de eardere Harrison Ford yn 1957 ferstoarn wie en tsjin 1967 al 35 jier net mear yn in film spile hie, wie der gjin driuwende needsaak ta ûnderskie, dat Ford liet de "J." al rillegau wer falle.

Yn 1967 makke Ford ek syn debút op 'e tillefyzje, mei in gastrol yn 'e westernsearje The Virginian. Yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren en de earste helte fan 'e 1970-er jierren hied er fierders gastrollen yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes lykas de plysjesearjes Ironside en The F.B.I., de westernsearje Gunsmoke en de fjochtsportsearje Kung Fu. Op it wite doek wied er ûnderwilens te sjen yn 'e western Journey to Shiloh (1968), en ek hied er in figuranteroltsje sûnder tekst as in arrestearre demonstrearjende studint yn Zabriskie Point (1970). De Frânske regisseur Jacques Demy keas Ford út foar de haadrol yn syn earste Amerikaanske film, Model Shop (1969), mar de studiobazen fan Columbia Pictures wiene fan miening dat Ford "gjin takomst yn 'e filmyndustry" hie, en stiene der by Demy op oan om in oare akteur te kiezen (dat waard úteinlik Gary Lockwood). Ford soe letter sizze dat it fertrouwen dat Demy yn him stelde likegoed in posityf effekt op him hân hie.

Mei't er ûngelokkich wie mei de roltsjes dy't him oanbean waarden, learde Ford himsels oan om mei hout te wurkjen, sadat er himsels en syn gesin bedrippe koe mei wurk as timmerman. Sa waard er ynhierd om in pear kokenkastkes yn te bouwen yn it hûs fan regisseur George Lucas. Op foarspraak fan casting director Fred Roos krige Ford yn 1973 in audysje foar in rol yn Lucas syn film American Graffiti, wêrby't it holp dat de mannen inoar koene. Lucas joech Ford doe syn earste grutte rol (sij it net de haadrol). Doe't regisseur Francis Ford Coppola grut súkses krige mei syn misdiefilm The Godfather, hierde er Ford yn om syn kantoar te fertimmerjen. Sa kaam Ford oan byrollen yn Coppola syn folgjende beide films: The Conversation (1974) en Apocalypse Now (1979).

Trochbraak Troch syn eardere rol yn American Graffiti waard Ford yn 1977 oannommen troch George Lucas om senarioteksten op te sizzen mei oare akteurs dy't audysje diene foar in rol yn Lucas syn nije projekt, de science fiction-film Star Wars. Ford seach in rol yn dy film sels ek wol sitten, en wist úteinlik Lucas te oertsjûgjen mei syn eigen audysje foar de rol fan 'e hierling Han Solo, in type fan rûge bast, geve pit. Yn 'e film hie Ford as tsjinspylster Carrie Fisher yn 'e rol fan prinsesse Leia. Star Wars, dat letter, om betizing mei de Star Wars-filmrige foar te kommen, bekend wurde soe as Star Wars: Episode IV – A New Hope, waard ien fan 'e súksesfolste films aller tiden, en betsjutte foar Ford de trochbraak as in ynternasjonale filmstjer. Ford waard foar syn rol nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste akteur. Hy kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Han Solo foar de tillefyzjespecial Star Wars Holiday Special (1978) en de ferfolchfilms Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Nei't it skynt woe Ford dat Lucas it personaazje fan Han Solo stjerre liet oan 'e ein fan Return of the Jedi, om't dat neffens him "de hiele film in boaiem jûn" hawwe soe, mar Lucas woe dêr neat fan witte.

Nei syn trochbraak wie Ford te sjen yn films as Heroes (1977) en Hanover Street (1979). Hy spile in Amerikaansk legerofsier op in geheime misje yn Joegoslaavje ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e oarlochsfilm Force 10 from Navarone (1978), mei Edward Fox, Carl Weathers en Barbara Bach. Tegearre mei Gene Wilder wied er te sjen yn 'e westernfilm The Frisco Kid (1979), as in bankberôver mei in hert fan goud. Ford spile op 'e nij in Amerikaansk legerofsier, diskear yn 'e Fjetnamoarloch, yn Francis Ford Coppola syn masterwurk Apocalypse Now.

Yn 1981 konsolidearre Ford syn reputaasje as súksesfol akteur mei de rol fan 'e wrâldreizgjende argeolooch Indiana Jones yn 'e aventoerefilm Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark. Dy film wie in mienskiplik projekt fan George Lucas, yn syn hoedanichheid as produsint, en regisseur Steven Spielberg. Hoewol't Spielberg fan it begjin ôf oan Ford yn 'e rol fan Indiana Jones hawwe woe, liek dat Lucas wol nei fleanen, om't er al twa kear earder mei Ford gearwurke hie, yn American Graffiti en yn Star Wars. Doe't lykwols bliken die dat Tom Selleck, oan wa't Lucas de foarkar joech, net beskikber wie, joech Lucas ta, en krige Spielberg syn sin. Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark waard in grut súkses, en Ford wûn foar syn rol de Saturn Award foar bêste akteur.

Hy spile de aventoerlike argeolooch sadwaande fannijs yn 'e prequel Indiana Jones and the Temple of Doom (1984) en yn it ferfolch Indiana Jones and the Last Crusade (1989); foar syn rollen yn dy beide films waard er nominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur. By de opnamen fan Indiana Jones and the Temple of Doom rûn Ford yn juny 1983 in rêchhernia op. Hy moast oerflein wurde nei Los Angeles om operearre te wurden, en kearde pas seis wiken letter werom op 'e filmset. Yn Indiana Jones and the Last Crusade wurke Ford gear mei de Skotske akteur Sean Connery, dy't de heit fan Indiana Jones spile.

1980-er en 1990-er jierren Ford syn earste film nei Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark wie de science fiction-klassiker Blade Runner (1982), fan regisseur Ridley Scott. It ûntjoech him ta in kultfilm, wêryn't Ford de rol fan Rick Deckard fertolke, en gearwurke mei û.o. Rutger Hauer, Edward James Olmos en Daryl Hannah. Nei Indiana Jones and the Temple of Doom folge yn 1985 de skriller Witness, fan regisseur Peter Weir. Dêryn spile Ford de resjersjeur John Book, dy't ûnderdûkt by de Amish yn Pennsylvania om in jonkje te beskermjen dat tsjûge west hat fan in moard en dat dêrom troch de moardners út 'e wei romme driget te wurden. Syn tsjinspylster wie Kelly McGillis, dy't de rol fan 'e mem fan it jonkje fertolke. Foar syn optreden yn Witness waard Ford nominearre foar in Oscar, in Golden Globe en in BAFTA allegear yn 'e kategory bêste akteur.

Yn 1986 wie Ford te sjen as Allie Fox yn The Mosquito Coast, wêrfoar't er jitris nominearre waard foar in Golden Globe foar bêste akteur. Yn 1988 spile er yn 'e skriller Frantic, fan regisseur Roman Polanski. Datselde jiers fertolke er de rol fan sakeman Jack Trainer yn it komeedzjedrama Working Girl, mei Melanie Griffith en Sigourney Weaver. Oan it begjin fan 'e 1990-er jierren hie Ford haadrollen yn 'e skriller Presumed Innocent (1990), fan regisseur Alan Pakula, as in ofsier fan justysje dy't sels fan moard fertocht wurdt, en yn 'e dramafilm Regarding Henry (1991), as in opbetterjende man dy't oan ûnthâldsferlies lijt. Yn 1992 spile er yn Patriot Games foar it earst de rol fan CIA-agint Jack Ryan, dy't ûntspruten wie oan it brein fan skriuwer Tom Clancy. Nei't it skynt, koe Ford dy rol krije fanwegen de foar de makkers ûnakseptabele salariseasken fan Alec Baldwin, dy't deselde rol earder spile hie yn The Hunt for Red October (1990). Ford kroep jitris yn 'e hûd fan Ryan foar Clear and Present Danger, út 1994.