Morgan Freeman (Memphis, 1 juny 1937) is in Amerikaansk akteur, regisseur en filmprodusint fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy briek yn 1989 troch mei syn rol as de swarte sjauffeur fan in âldere blanke dame yn it rasistyske Amerikaanske Suden yn 'e film Driving Miss Daisy. Dêrfoar waard er nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur, krekt as foar syn rollen as finzene yn The Shawshank Redemption en as Nelson Mandela yn Invictus. Yn 2004 wûn Freeman de Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol foar syn optreden as assistint-bokstrainer yn Million Dollar Baby.
Dêrnjonken hat Freeman noch in ferskaat oan oare prizen wûn, wêrûnder twa Golden Globes, in Empire Award en twa Screen Actors Guild Awards. Hy spile fierders yn films as Robin Hood: Prince of Thieves, Unforgiven, Seven, Amistad, Kiss the Girls, Deep Impact, Along Came a Spider, An Unfinished Life, The Dark Knight-trilogy, The Bucket List, Invictus, Olympus Has Fallen, Now You See Me en de remake fan Ben-Hur. Freeman stiet bekend om syn oangename, djippe stim, en hat as kommentator, ferteller of stimakteur meiwurke oan in grut tal tillefyzjeprogramma's en dokumintêres, wêrûnder it bekroande March of the Penguins.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Freeman waard yn 1937 berne yn Memphis, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, as de soan fan Morgan Porterfield Freeman, in hierknipper, en dy syn frou Mayme Edna Revere, in skoaljuffer. Hy groeide op yn in húshâlding mei trije âldere bern. Doe't er yn 2008 oan it tillefyzjeprogramma African American Lives 2 meidie, kaam út in DNA-ûndersyk nei foarren dat (guon fan) Freeman syn foarâlden etnyske Songhai en Tûareks wiene út wat no Niger is. Hy ûntdiek ek dat syn betoerpakes en -beppes slaven wiene dy't út Noard-Karolina nei Mississippy ta oerbrocht wiene. Fierders die bliken dat syn blanke betoerpake oan memmekant as man en wiif gearlibbe hie mei, en begroeven lei njonken, syn swarte betoerbeppe oan memmekant, in tige opsjenjaand feit, de doetiidske maatskiplike ferhâldings yn acht nimmend.
As bern waard Freeman nei syn beppe oan heitekant ta stjoerd, yn Charleston, yn 'e steat Mississippy, dy't him foar in part grutbrocht. Hy ferhuze yn syn bernetiid gauris, en wenne yn Greenwood (Mississippy), yn Gary (Indiana) en úteinlik yn Chicago (Illinois). Yn Greenwood genoat Freeman middelber ûnderwiis oan 'e Broad Street High School, dy't fêstige wie yn it gebou dêr't tsjintwurdich in basisskoalle húsfêste is.
Doe't er njoggen jier wie, makke Freeman syn debút as akteur mei in rol by it skoalletoaniel. Mei tolve jier wûn er in aktearwedstryd foar de steat Mississippy, en as beleanning mocht er doe meidwaan oan in harkspul op 'e radio, dat opnommen waard yn Nashville. Doe't er sechstjin jier wie, rekke er oanhelle mei in slim gefal fan longûntstekking, dêr't er op in hier nei oan stoar. Nei't er yn 1955 slagge wie foar syn eineksamens, sloech er in stúdzjebeurs ôf en naam er ynstee tsjinst by de Amerikaanske Loftmacht, dêr't er as radartechnikus wurke oant er yn 1959 ôfswaaide. Nei syn tsjinsttiid sette Freeman nei Los Angeles ta, dêr't er aktearlessen naam, en letter nei San Fransisko, dêr't er dûnslessen folge, wylst er himsels ûnderhold mei ferskate kantoarbaantsjes.
Karriêre Iere jierren Yn 'e earste helte fan 'e 1960-er jierren wurke Freeman as in dûnser op ferskate eveneminten, wêrûnder de World's Fair fan 1964. Ek wied er in lid fan 'e Opera Ring, in musical-toanielselskip út San Francisco. Fierders gied er op toernee as akteur yn in produksje fan it toanielstik The Royal Hunt of the Sun. Syn debút op it wite doek makke er yn 1965 as figurant yn 'e film The Pawnbroker. Yn 1967 wie Freeman de tsjinspiler fan Viveca Lindfors yn it off-Broadway-toanielstik The Nigger Lovers, dat draaide om 'e Freedom Riders, swarte buspassazjiers yn 'e tiid fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging. Yn 1968 stied er foar it earst op Broadway, mei in rol yn 'e musical Hello Dolly!, dêr't ek Pearl Bailey en Cab Calloway yn meispilen.
Yn 'e 1970-er jierren lei Freeman him fral ta op toaniel. Yn 1980 wûn er in Obie Award foar syn fertolking fan 'e titelrol yn Shakespeare syn toanielstik Koriolanus. In twadde Obie Award wûn er yn 1984 foar syn rol as de predikant yn it stik The Gospel at Colonus. In trêde Obie Award folge yn 1987 foar syn rol as sjauffeur yn it stik Driving Miss Daisy, dat letter adaptearre wurde soe ta in film. Freeman wûn fierders yn 1978 in Drama Desk Award en in Clarence Derwent Award foar syn rol as dronkelap yn The Mighty Gents.
Hoewol't Freeman yn 1971 syn earste wichtige filmrol hie yn Who Says I Can't Ride a Rainbow!, krige er by it Amerikaanske publyk benammen bekendheid trochdat er fan 1971 oant 1977 belutsen wie by it berneprogramma The Electric Company. Hy spile dêryn ferskate personaazjes, wêrûnder Easy Reader, Mel Mounds the DJ en Vincent the Vegetable Vampire. Neffens tillefyzjeprodusinte Joan Ganz Cooney hie Freeman in grouwéligen hekel oan syn wurk foar The Electric Company. Yn in fraachpetear joech Freeman ta dat hy nea oan dy tiid weromtinkt, mar dêr foege er oan ta dat er der ek gjin spyt fan hie.
Fan likernôch 1980 ôf wie Freeman mear op 'e tillefyzje en op it wite doek te sjen. Hy spile yn films as Attica (1980), Eyewitness (1981), Teachers (1984) en Marie (1985). Yn deselde tiid hied er ek rollen yn ferskate tillefyzjefilms, wêrûnder Death of a Prophet (1981), wêryn't er de fermoarde swarte aktivist Malcolm X spile. Yn 1983 wie Freeman as dokter Roy Bingham te sjen yn in weromkearende rol yn fiif ôfleverings fan 'e soapsearje Another World. Hy hie ek gastrollen yn inkele oare tillefyzjesearjes, lykas Ryan's Hope en The Twilight Zone. Yn 1987 spile er Fast Black yn 'e film Street Smart, in rol dêr't er foar nominearre waard foar sawol in Golden Globe as in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol. Freeman beskôget dat as syn grutte trochbraak, mar dat gou inkeld foar de Feriene Steaten; dêrbûten bleau er ûnbekend.
Trochbraak De ynternasjonale trochbraak kaam foar Freeman yn 1989, mei syn haadrol 'e film Driving Miss Daisy. Hy spile Hoke Colburn, de swarte sjauffeur fan in blanke (Joadske) dame op jierren (spile troch Jessica Tandy) yn it rasistyske Amerikaanske Suden. It wie in rol dy't Freeman earder mei grut súkses op it toaniel fertolke hie. Hy wûn der in Golden Globe mei yn 'e kategory bêste akteur, en waard dêrnjonken nominearre foar in Oscar foar bêste akteur. Tegearre mei Tandy wûn er fierders op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn in Sulveren Bear yn 'e kategory bêste akteursteam.
Yn 1989 kaam ek de oarlochsfilm Glory út, wêryn't Freeman in swarte sersjant-majoar yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch spile. Neitiid wied er te sjen as de strange en ûnkonvinsjonele ûnderwizer Joe Louis Clark yn Lean on Me (1989), as in resjersjeur yn Johnny Handsome (1989) en as in rjochter yn Bonfire of the Vanities (1990). Yn 1990 wurke er as stimakteur mei oan The Civil War, wêrfoar't er de tekst fan minskerjochte-aktivist Frederick Douglass ynspriek. Mei Kevin Costner en Mary Elizabeth Mastrantonio spile Freeman yn 1991 yn 'e Midsiuwske aventoerefilm Robin Hood: Prince of Thieves, as de Arabier Azeem, en mei Clint Eastwood en Gene Hackman spile er yn 1992 yn 'e mei in Oscar foar bêste film bekroande western Unforgiven, as de âlde bandyt Ned Logan. Yn 1993 regissearre er foar de filmstudio Paramount Pictures de dramafilm Bopha!, oer in swarte plysjeman (spile troch Danny Glover) yn Súd-Afrika ûnder it Apartheidsrezjym.
Foar syn rol fan 'e berêstende finzene Ellis Boyd "Red" Redding, as tsjinspiler fan Tim Robbins yn it finzenisdrama The Shawshank Redemption, út 1994, waard Freeman jitris nominearre foar in Golden Globe, in Oscar en diskear ek in Screen Actors Guild Award foar bêste akteur. Yn 1994 siet er yn 'e sjuery fan it 44e Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Yn 'e midden fan 'e jierren '90 fertolke er as tsjinspiler fan Dustin Hoffman en Rene Russo in ûnmeilydsume generaal yn 'e film Outbreak (1995), as tsjinspiler fan Brad Pitt en Gwyneth Paltrow in betochtsume plysjeresjersjeur yn Seven, en as tsjinspiler fan Matthew McConaughey en sir Anthony Hopkins in fjurrige abolisjonist yn it histoaryske rjochtbankdrama Amistad. Foar syn rol yn Seven waard er nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste akteur, en wûn er in Britske Empire Award yn deselde kategory.
Yn 1997 rjochte Freeman mei Lori McCreary de filmstudio Revelations Entertainment op. Tegearre steane se sûnt ek oan it haad fan it susterbedriuw dêrfan, ClickStar, dat him taleit op online-filmdistribúsje. Op 'e webside fan ClickStar presintearret Freeman it kanaal Our Space, dêr't fideo's op te sjen binne wêryn't er syn leafde foar de wittenskippen, en yn 't bysûnder foar romtefeart, mei it publyk dielt. Yn 1997 spile Freeman ek foar it earst de rol fan 'e profiler fan searjemoardners Alex Cross, yn 'e skriller Kiss the Girls, mei Ashley Judd. Yn 2001 kroep er nochris yn 'e hûd fan Cross foar de film Along Came a Spider, mei Monica Potter. Freeman wie te sjen as de presidint fan 'e Feriene Steaten yn 'e rampefilm Deep Impact (1998), mei Téa Leoni en Robert Duvall, as in yn it kwea behurde krimineel yn 'e aksjeskriller Hard Rain (1998), mei Christian Slater en Minnie Driver, en as in hiermoardner yn 'e swarte komeedzje Nurse Betty (2000), mei Renée Zellweger en Chris Rock. Foar de skriller Under Suspicion, mei Gene Hackman en Monica Bellucci, wied er njonken syn rol as akteur foar it earst ek útfierend produsint, in funksje dy't er neitiid foar ferskate films beklaaide.
Nei de iuwwiksel fertolke Freeman de rol fan CIA-direkteur William Cabot yn 'e spionaazjefilm The Sum of All Fears (2002), mei Ben Affleck. Hy spile God yn 'e komeedzjefilm Bruce Almighty (2003), mei Jim Carrey en Jennifer Aniston. Fierders wied er te sjen yn films as Dreamcatcher (2003), Levity (2003) en The Big Bounce (2004). Foar syn rol as de âlde assistint-bokstrainer Eddie Dupris, yn it sportdrama Million Dollar Baby, mei Clint Eastwood en Hilary Swank, wûn Freeman in stikmannich prizen, wêrûnder de Oscar en de Screen Actors Guild Award foar bêste manlike byrol. Ek waard er nominearre foar in Golden Globe yn dyselde kategory.
Lettere jierren Njonken syn aktearwurk brûkte Freeman ek geregeldwei syn oangenaam leechtoanige en tige werkenbere stim foar it dwaan fan voice-overs, benammen by dokumintêrefilms en -tillefyzjesearjes. Sa wurke er yn 2005 as ferteller mei oan 'e spylfilm War of the Worlds en de mei in Oscar bekroande natoerdokumintêre March of the Penguins. Datselde jiers hie Freeman in byrol as de by in oanfal fan in bear lichaamlik beheind rekke Mitch yn 'e dramafilm An Unfinished Life, mei Robert Redford en Jennifer Lopez. Fierders wied er yn 2005 ek te sjen yn Batman Begins, de earste film fan The Dark Knight-trilogy fan regisseur Christopher Nolan. Dat wie in superheldefilm wêryn't Freeman de rol fan Lucius Fox fertolke, in wittenskipper dy't Batman fan al syn technysk gerei foarsjocht. Deselde rol soe Freeman ek yn 'e beide ferfolchfilms spylje: The Dark Knight (2008) en The Dark Knight Rises (2012).