Mari Possa, echte namme: Mirna Granados (21 jannewaris 1980), is in Salvadoraansk-Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en realitytillefyzjepersoanlikheid fan etnysk Salvadoraansk komôf. Har artyste namme is in wurdspiling op it Spaanske wurd foar "flinter": mariposa. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 45 kg en kupmaat 34C.

Libben Possa waard berne yn San Miguel, yn it Middenamerikaanske lân El Salvador, dêr't se ek har bernejierren trochbrocht. Yn 1989, doe't se njoggen jier wie, emigrearre se mei har heit en mem nei de Feriene Steaten. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as siktaresse op in abbekatekantoar. Hja rekke by de pornoyndustry belutsen doe't se in baan fûn as de assistinte fan pornoakteur, -regisseur en -produsint Seymore Butts, en doe't se letter de freondinne fan dyselde waard. Yn dy hoedanichheid wie se te sjen yn 'e realitysearje oer Butts en syn famylje, Family Business (dy't ek yn Nederlân útstjoerd is). Ien hiele ôflevering wie wijd oan har beslút om sels pornoaktrise te wurden en Butts syn al of net yn sêne sette besykjen om har dat te ûntpraten.

Yn elts gefal makke Possa yn 2003, doe't se 23 jier wie, har debút yn in pornografyske film (produsearre troch Butts). Se sleat in kontrakt ôf mei Seymore Butts Home Movies en Adam & Eve, en wurke dêrnjonken ek foar studio's as Zero Tolerance en Pure Play Media. Oant se har yn 2009 út 'e pornoyndustry weromloek om in oplieding ta programmamakster te folgjen, spile se yn likernôch 35 films. Yn 2012 makke se in comeback as freelance-aktrise foar solo- en lesbyske sênes. Yn totaal hat se neffens har side yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) yn 58 pornofilms spile. Dêrfoar hat se fiifris in nominaasje foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept. Hja stie fierders op 'e omslach fan it opsjochjaande boek Dirty Talk: Conversations with Porn Stars, fan Andrew J. Rausch en Chris Watson.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2005AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Aria, Cytherea, Flower Tucci en Julian)Anal Surprise Party2006AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Flower Tucci, Samantha Ryan en Selena Silver)War of the Girlsnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Barbara Summer en Herschel Savage)House of Ass2007AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Amber Peach, Samantha Ryan, Kurt Lockwood en Herschel Savage)Butt Pirates of the Caribbean2009AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Jenna Haze en Tom Byron)Seymore Butts: Jenna 9.52013Xbiz Awardnominearrecomeback fan it jiern.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Mari Possa Biografy en filmografy fan Mari Possa yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Mari Possa yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk administratyf meiwurker Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Salvadoraansk administratyf meiwurker Kategory:Salvadoraansk neakenmodel Kategory:Salvadoraansk pornoakteur Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Amerikaansk persoan fan Salvadoraansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1980