Flower Tucci, echte namme: Carole Molloy (Burbank (Kalifornje), 2 jannewaris 1981), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en radiopresintatrise fan mingd Iersk-Italjaansk-Spaansk-Sweedsk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol inkeld de namme Flower brûkt hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36B.
Karriêre Flower Tucci is hikke en tein yn Burbank, in stêd yn it suden fan 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Oer har bertedatum bestiet wat betizing, mei't de Internet Movie Database (IMDb) en de Adult Film Database (AFDB) 2 jannewaris 1977 jouwe en de Internet Adult Film Database (IAFD) 2 jannewaris 1978. Op Tucci har MySpace-side, dy't se, nei't men oannimme mei, sels opsteld hat, stiet lykwols dat se berne is op 2 jannewaris 1981, en yn in fraachpetear mei Porn Valley News hat se yn 2006 ek oanjûn dat dat har bertedatum is.
Nei't Tucci de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as taartfersierster yn in bakkerij, doe't se reägearre op in advertinsje yn it blêd LA Weekly, wêryn't froulju mei in tsjep foarkommen wurk oanbean waard yn 'e pornoyndustry. Tucci makke yn 2002 har debút yn in pornografyske film. Har earste sêne wie mei de swarte akteur Lexington Steele yn Balls Deep 6.
Tucci naam de skûlnamme Flower oan, fanwegen de blommige tatoeaazje op har rêch, en foege letter de efternamme Tucci ta om har te ûnderskieden fan in eardere pornoaktrise fan Aziatysk komôf. It is de bedoeling dat dy efternamme útsprutsen wurdt as /'tʊʃi/ (likernôch "tus-sjy"), lykas it Amerikaansk-Ingelske wurd tushy, dat "kontsje" betsjut; dêrby is it lykwols op in Italjaanske wize stavere dy't eins útsprutsen wurde moatte soe as /'tuʧi/ ("tûtsjy").
Yn 'e pornoyndustry stiet Tucci benammentlik bekend om har fermogen ta froulike ejakulaasje (sprektaal: squirting), en dat wurdt dan ek yn in grut tal fan har films foar it fuotljocht brocht. Tucci hat yn krapoan 450 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande studio's as Adam & Eve, Evil Angel, Seymore Butts Home Movies, Elegant Angel, Digital Playground en Pure Play Media. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Reality Kings, Brazzers en Kink.com. Dêrmei hat se twa kear in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) wûn en dêr nochris fjirtjin kear in nominaasje foar yn 'e wacht sleept.
Njonken har aktearwurk hat Tucci yn 2007 en 2009 ek twaris in film regissearre. Fierders hat se yn it ferline twa radioprogramma's (The Porn Hunnies Smut Top 20 en Tushy Talk) presintearre op 'e no opdoekte stjoerder KSEX. Ek is hja wurdfierster en model foar de yn Los Angeles fêstige kleanprodusint Mofowear, en ferskynde hja op 'e tillefyzje feskate kearen yn 'e realitysearje Family Business, oer pornoakteur, -regisseur en -produsint Seymore Butts. Yn 2009 kaam se yn it nijs doe't se in rjochtsaak oanspande tsjin RK Netmedia, de memme-ûndernimming fan Reality Kings, om 'e rjochten op 'e domeinnamme FlowerTucci.com werom te krijen nei't har kontrakt mei RK Netmedia ôfrûn wie.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2005AVN Awardnominearrebêste orale sekssêne (mei Johnny Thrust)Gag Factor 15nominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Aria, Cytherea, Mari Possa en Julian)Anal Surprise Party2006AVN Awardnominearrebêste solosekssêne She Squirts 15nominearrebêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Mari Possa, Samantha Ryan en Selena Silver)War of the Girlsnominearrebêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Van Damage)Cheek Freaksnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Angela Stone en Lee Stone)Flower's Squirt Showernominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste spesjaliteitspublikaasje (squirting)Flower's Squirt Shower2007AVN Awardnominearrebêste anale sekssêne (fideo) (mei Justin Slayer)Big Booty White Girls 4nominearreskandalichste sekssêne (mei Angela Stone, Cytherea, Felony, Kat, Lexi Love en Mark Davis)The Great American Squirt Offnominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste groepsekssêne (fideo) (mei 19 oaren)Fashionistas Safado: The ChallengeXRCO Awardnominearreorgastysk analisten.f.t.2009AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Stephanie Crane, Mickey Graham, Audrey Hollander, Desire Moore, Brooke Scott, Misty Stone en Holly Wellin)The Violation of Flower Tuccinominearreskandalichste sekssêne (mei Jada Fire, Annette Schwarz, Britney Stevens, Angela Stone, Nadia Styles, Kylie Wylde en Ariel X.)Squirt Gangbang 22010AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Dana DeArmond, Jada Fire, Sindee Jennings, Lexi Love en Britney Stevens)Squirt Gangbang 4nominearreskandalichste sekssêne (mei Dana DeArmond, Jada Fire, Sindee Jennings, Lexi Love en Britney Stevens)Squirt Gangbang 4
Keppelings om utens Offisjele webside fan Flower Tucci Biografy en filmografy fan Flower Tucci yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Flower Tucci yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk radiopresintator Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1981