It bûnt groukopke (Carterocephalus palaemon) is in soarte yn it skaai fan de bûnte groukopkes (Carterocephalus).
Foarkommen It bûnte groukopke is in flinter dy't libbet by boskrânen. Hy komt allinnich foar op plakken dêr't de weardplanten bjint of blikgers groeie. Dy weardplanten meie net te betiid meand wurde. Yn de tweintichste iuw fleach de flinter yn Nederlân yn Limburch en yn dielen fan de Achterhoeke, mar de soarte is stadichoan efterútgien. Tsjintwurdich komt de soarte yn twa gebieten foar: yn Noard-Brabân en Midden-Limburch en yn it easten fan de Achterhoeke en Twinte. Fan 1993 ôf wreidet de soarte him in bytsje út nei West-Brabân. 180px|left|thumb|It bûnte groukopke.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as kwetsber, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is donkerbrún mei oranjegiele plakken. It binne hurde fleaners.
Fleantiid De flinter fljocht fan begjin maaie oant ein juny, foaral tusken 25 maaie en 5 juny. It bûnt groukopke fljocht yn ien generaasje.
Rûp De rûp kin 25 mm lang wurde. Jonge rûpen binne grieneftich mei griis. Gruttere rûpen binne wyteftich grien mei wite en donkergriene streken. Folwoeksen rûpen hawwe in striekleur mei donkergrize rêchline. Folwoeksen rûpen oerwinterje as healwaaks rûp. Se spinne harren yn in blêd. As it maaitiid wurdt komme hja der wer út en begjinne mei tsien dagen sinnebaaien. Dêrnei ferpopkje se harren.
De rûp fret ferskillende soarten gers lykas blikgers, bjint, finnige koartstâle en boskkoartstâle.
Sjoch ek List fan flinters
Kategory:Flintersoarte Kategory:Groukopflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada